Mot

2747534046_f80c9985a8_oWe hawwe mot. In frou fan middelbere aldens bringt folders rûn. Hja draaft altiid en dêr knypt it; ûs Max hat in bloedhekel oan jachtsjende minsken.  

It bist wat oars heel leaf en guodlik is wurd dan furieus. Wat motivaasje der achter sit wit ik net.

Op in sinniche dei bin ik dwaande yn ‘e tùn en Max sit oan de tùnbank fêst. Dan fleant er in skim lâns en de hûn hinget yn de bokse fan de frou. Se wurd pûr razend en driget nei de plysje te gean.

In skofke letter bringt se my de rekken fan de hûsdokter. “Jo hawwe mar in gefaarlik berop. sis ik noch; “”Jo moatte beskermjende klean oanskaffe.” Mar humor is net oan har bestege. “Jo binne dochs fersekere foar dy hûn?” raast se. 

Wolle jo in bakje kofje foar de kjellens?” freegje ik; “Dan kinne wy it der efkes oer ha. 

Mar Max en ik ha it bedoarn. Wy hawwe mot.

Ik sil mar gau de rekken betelje. Miskyn kinne we ea noch es freonen wurde.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien