Boarnsigge

Jierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde. Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins. En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom [Lês mear »]

De Twirre

Yn dit hûs, ‘De Twirre’ (= ‘wyn om it hûs‘), ha wy 25 jier wenne. Myn skoanheit stoar en wy ruilen fan hûs mei skoanmem. Do ik it hûs foar it earst seach wie ik ferkocht en ha him yn myn hert sluten. It fielde my oan as dy ik in jas om, jimme witte [Lês mear »]

Fleaner

“Dag, mem!” seit er en stapt yn de auto. Hy sil nei Eastenryk, in wike te fleanen. Wy binne de hiele wike mei him yn tou west.  Juster nei Winterswyk; der moast in nije tinte komme. Mar foar dat it safier wie hat it noch hiel wat fuotten yn de ierde hân. De hûn moast nei [Lês mear »]

Mediator

Ik ha in mediator nedich; wy hawwe in kwestje. In skeel fan ynsicht tusken it lichem en de geast. Sy binne it wol faker net iens. De geast hat altyd plannen en it lichem giet er altyd tsjin yn. De geast seit; ” Hy is dwers.” en it lichem seit; “Hy wit it altyd better.” En altyd [Lês mear »]

Hûnesoargen

Us Max hat soargen. Ik sjoch it oan syn gesicht. Syn iene ear stiet omheech en de oare leit plat op de kop. Ik sit nei him te sjen en wol witte wat er geande  is. In hûn mei soargen kin ik net oer. Jo witte noait wat er yn san kop omgiet. Sy kinne [Lês mear »]

Skuontsjes

By it opromjen fan in kast kamen my in pear skuontsje te miette. Eartiids wiene se wyt west mar troch it skowen fan it poepertsje oer de grûn wiene se feal wurden. Want rinne wie der noch nèt by fansels. In riemke mei in knoopke moast it skoechje oan de foet hâlde. Sa waarden de [Lês mear »]

Groede

Hjoed is foar ùs in dei om te betinken. Elts jier wer is it foar ùs in drege dei en dat sil salang bliuwe as wy te libjen hawwe. Wy steane er net allinnich by stil mar ûndergean it wer fan minùt oant minùt. De pine en de ûnmacht oer wat ùs oerkaam is. Samar [Lês mear »]

Ferslave!

“Dat is ferkeard spul.” seit se en wiist nei it sigarettedoaske op `e tafel. Ta ferdideging sis ik; “Ik bin in gesellichheidssmoker.” In oarenien wiest nei in flesse wyn dy `t yn in âld wynrek stiet. “Fergif.” seit se; “Der binne safolle oan kapot gong.” en sjocht my ferwitend oan. Wer in oaren komt as [Lês mear »]

Mei de tiid mei

Mem moat in smartphone ha.” seit de soan; “Der kin mem alles mei fotografearje,  sms-e  en noch folle mear. Allinnich net kofje sette.“  De oare seit; “Der docht se dochs neat mei. Dy komt yn ‘t laat te lizzen.” Myn man fynt it èk laarjekoek. “We kinne sa njonkelytsen hiel Afrika foarsjen fan mobyltsjes.“ Mar [Lês mear »]

Fremdelingen

Lofts achter ùs is in flat gebou, net sa heech mar twa etages. Yn de boppeste binne nije bewenners kaam. En dat hâld my no krekt yn `e besnijing want as ik bûten sit ha ik it each der op. De buorman dy `t mei fan alles op `e hichte is sei dat er trije [Lês mear »]

>