Mei gjin namme ha

Ik bin lilk

trochPosted on 1 Comment1min read1345 views
Photo by Gabriel Matula on Unsplash
Wêrom lilk? sille jimme sizze.

No, dat sit sa: ik ha ùs bank in adresferoaring stjûrd. Kreas op tiid, der sil it net oan lizze. Earst fia de kompjûter fansels sa as hjoed-de-dei wenstich is.

In pear dagen letter komt er in grutte slûf mei fjouwer grutte fellen papier thùs. Twa der fan binne yn oarder: it âlde adres is ferruile mei it nije.

Mar dan komme der twa fellenpapier ùt wert gjin adreswizingen op steane mar allebeide moatte se nei it nije adres. Ik snap er neat fan.

Ik klim yn de telefoan mar foar dat ik mar wat sizze kin lit sy my witte wat ik per tik hun skuldich bin.

It is krekt as tinke se dat ik dôfe as net hielendal helder bin. Hieltyd seit it minske dat ik wachtsje moat. Ik doch ommers neat as allinnich mar nei bûten sjen?

Dan einlik is it kofjeskoft foarby, tink ik.

Se seit op in spile, meilydsume toan: “Mevrouw, u heeft hier geen rekening lopen.”

“Ja wis wol.” sis ik; “Ik wie der al fier foar dat jimme der wiene.”

“Probeert u het nog eens.” seit se en leit de hoarn del.

“Ik gean nei in oare bank!” rop ik obstinaat. “Se binne allegearre gelyk.” seit myn man.

Wer is de tiid bleaun dat se my noch by de foarnamme neamden?

No bin ik NL89 ABNA 012 3456 789 ….

Fyftich euro

trochPosted on 1 Comment1min read1412 views

max_ollieÙs Max is sântsjen jier by ùs mar it begjin fan syn libben wie in minne start. Hy waard oanbean yn de Feanster Krante foar fyftich euro. We koene him ophelje ùt Jobbegea.

Noch gjin jier âld en al fjouwer adressen hân. De klacht wie dat hy altyd fuort rûn.

En omdat Jelle -in Welsch Springer– krekt ferstoarn wie krige Olly, ùs oare hûn, selsskip.

Yn it begjin wie it oanpassen sawol foar him as foar ùs.

Mar al gau wie der thùs. Hy hie noch wol es oanstriid om achter de katten oan te gean. Mar dy hiene algau yn`e gaten dat it neat om `e hakken hie.

Wat er ek barde yn ùs libben, oan fertriet as blidens, hy wie der by. Hy hâld ùs oan de tiid, sa let ite, sa let ùtlitte. As ik de jas mar oan die woe hy mei. Sneintemoarns nei `t tsjerke en dat wist hy, dan koe hy net mei en krûpte yn `syn koer.

It rint no op in ein. We hawwe nachten by him wekke mar wy witte; it hâld in kear op.

Sûnder betinkst hâlde fan. It is net yn jild ùt te drukken.

Fyftich euro

Skûtelwaskje

trochPosted on 0 Comments1min read1205 views

AfwasDer stean ik wer foar it oanrjocht te griemen. Wat ha ik dochs in glandige hekel oan skûtelwaskjen.

Pantsje foar pantsje. Kopke foar kopke. Fan de iene hân nei de oare. En dan it gegriem mei teeleppeltsjes, ien foar ien ofdroegje.

Dochs is it wol nijsgjirrich betink ik my. Se komme oeral wei, troch ùs mem meinaam as se in busreiske hie.

Safolle kaam se de doar net ùt. Mar in reiske mei de frouljusferieniging as mei De Bond liet se net sjitte, Dan siet se neist de bussjaufeur foar oan.

En om wat foar ùs  mei te nimmen kaam er jûns in leppeltsje ùt de tas, moai ferpakke yn sêft wyt papier.

Se kamen oeral wei; Staphorst, Epe, Urk … De fierste wie in rûnfeartboat ùt Amsterdam. Der rekke se nea oer ùtpraat. Fierder hat se yn har libben net west.

Skûtelwaskje, it hat syn foar en syn tsjin.

“Komsto efkes?” ropt myn man; “De monteur is er foar de waskmasine.”

Ùtjouwer

trochPosted on 8 Comments1min read1597 views

Naamloos-2Je moet de verhaaltjes van je blog laten inbinden.” seit myn neef.

Hij wennet yn Hollân en hat muoite mei it Frysk lêzen. Mar dochs slacht hy gjin stikje oer.

Syn heit wie in Fries en dat lûkt dochs. Ek syn suster dy yn België wennet is in trouwe folger.

Je kunt het ook in eigen beheer uitgeven.” hâldt hy fol. “Der binne se nèt goed genoch foar.” sis ik. Wat foar ùtjouwer soe myn wurk no ynteressant fine? En boppedat: de Fryske stavering mankearret noch wol es wat oan.

As ik wer es in ferhaaltsje ùtbret ha stjoer ik it nei myn soan: hy is myn grutste fan en kritikaster. Oan syn oardiel hechtsje ik grutte wearde.

De iene kear seit er; “Der siet dizze kear gjin djipgong yn, mem.” In oare kear seit er; “Goed dien hear, sa as fan âlds.

Ach, it hoecht foar my allegearre net. It jout ommers ynhâld oan myn deistich bestean. En salang er folgers binne dy it nijskjirrich fine dan docht my dat deugd.

Dochs soe ik graach es ùtnoege wurde wolle by Max as De Wereld Draait Door, om myn boek te presentearjen.

In minske mei dochs dreame net?

Mei de tiid mei

trochPosted on 1 Comment1min read1411 views

Untitled-3Mem moat in smartphone ha.” seit de soan; “Der kin mem alles mei fotografearje,  sms-e  en noch folle mear. Allinnich net kofje sette. 

De oare seit; “Der docht se dochs neat mei. Dy komt yn ‘t laat te lizzen.”

Myn man fynt it èk laarjekoek. “We kinne sa njonkelytsen hiel Afrika foarsjen fan mobyltsjes.

Mar omdat ik by bliuwe wol -want stil stean is deadelik- leit it ding foar my op `tafel. Mar hoe wurket soks nò ?

Gjin mins yn myn omkriten dy my helpe kin. Gebrûksoanwizingen yn alle talen lizze foar my. Dan mar siikje op de kompjûter. Ik kom er net ùt. De soan skilje dy mei einleas geduld ùtleit wat ik dwaan moat.

Wylts myn man mei syn nije gehoarapparaat oan it griemen is sit ik neist him mei it grutte platte ding. Beide hawwe it dreech mei de nije ùtfiningen fan dizze tiid.

Mei de tiid mei.” sis ik en sucht; “Ik hie jierren letter op ‘e wrâld komme moatten … “

Liturgysk

trochPosted on 0 Comments1min read1119 views

blablaAs Meniste gemeente ha wy liturgen. In jier as wat ferlyn fûn ùs foargonger dat er liturgen komme moasten. Hy fûn de tsjinsten tefolle in One Man Show wurden, de minsken moasten ek aktyf mei dwaan. Sûnt dy tiid binne der nei in degelike oplieding lêzers kaam.

Mei in ploechje minsken binne wy in dei nei Utert west. Sa koene wy underfine hoe oaren it diene. Dernei krigen wy in jier lang underwiis fan in logopedist. Sy learde ùs dùdlik  praten en te artikulearjen. Mar ek hoe ùs hâlding wêze moast.

Wy binne der hiel wat wizer fan wurden.

En nò is it al hiel ynboargere yn de gemeente. Wy hawwe der ek persoanlik baat by yn it deistich libben. Mar somstiden is it dreech wat wy oanrikt krije te lêzen. Net elke foargonger is even dùdlik yn syn teksten. Mar wy witte troch underfining der mei om te gean. Wat is nò moaier dan dat dôve en staffe minsken ùs ferstean kinne? 

 Ek myn man hoecht net meer te roppen; “Wat seist? 

Biste-leafde

trochPosted on 5 Comments1min read1561 views

It is trije oere yn ‘e moarntiid. Skril wurd ik wekker troch de hûn. Hy is tige obstinaat; der binne in pear katten oan it frijen. Dat mei fansels wol mar wèrom kin dat net yn stiltme sa as it heart?  

It lûd wurd skeller. Ien fan beide, as se kinne it net iens wurde as se kinne it net foar elkoar krije… ik wit it nèt. Max is net mear te hâlden. Ik moat der mar ôf en lit him ùt. Dan brekt de hel los. Jammerjende katten en in blaffende hûn. By de buorlju giet it ljocht op. Yn it donker hear ik oan de oare kant fan it hûs in frou suskjen; “Sst. Ssssst. Ssssssst!

Nei in skoft komt Max wer yn ‘e hûs. Hy is aardich tatakele. De earen hingje nei ûnderen en de stut hat in fremd model. Wat soe hy sjoen ha? Ha ik him wol genoch foarljochting jûn? Amechtich falt hy op de bank del en is foartendaliks yn dreamenlân.

En ik, ik doarmje troch it hûs en bin klear wekker. ‘Wat sil ik efkes dwaan?‘ freegje ik my ôf. ‘Wist wat?‘ skriuw mar in stikje oer biste-leafde; Der moat ik fêst slûch fan wurde.

In wonder

trochPosted on 2 Comments1min read1594 views

Takomst.

Hoe sil it wèze op ùs planeet

mei sis mar fyftich jier?

Hoe stiet it dan mei `t libben

Fan in mins, in plant, in dier?

Hoe komt it mei de klimaatferoaring

en driigjend kriichsgeweld

En bin`wy feilich as de iiskap

Oan de Noard en Sûdpoal smelt?

Hoe komt it mei de rassehaat?

De swier fersmarge grûn?

Hat men foar honger yn è wrâld

dan al in middel fûn?

Bin der gjin martelingen mear?

Gjin twang, gjin tiranny?

En lit men ùt è finzenis

Unskuldigen frij?

Ik bin bepaald gjin utopist

want `k sjoch it faak net sitten

De takomst foar it neigeslacht

Sjoch ik mei soarch temjitte.

Ferdraachsumens, begryp, respekt

Dèr kin de wrâld net sûnder

Mar nettsjinsteande driging

Leau `k dochs altyd yn in wûnder.


Sille wy dat meielkoar besiikje te dwaan, leauwe yn in wonder, leauwe dat it ea goed komt !

Buorren

trochPosted on 1 Comment2min read1441 views

Hawwe jimme ek buorren?

Wy ha se wol, der wol ik jimme graach  wat fan fertelle.

Achtjen jier wenje wy nò yn dizze strjitte, se neame  it,”it Haskeplan”. De earste tsien jier wennen we yn in oar hûs, mar wol yn de selde strjitte.  Mar it hûs stie oarsom  de foardoar wie oan  in kant wer gjin mins lâns kaam.

En dan wie der noch in hiele grutte ligusterhage om hinne, dat sosjaal kontakt wie er net. Doe binne wy ferhùze nei in lytser hûs, wert de foardoar oan è dykskant  is , en it tùnhekje efterhûs ùtnoadigt om in praatsje te meitsjen. Der is in wrâld foar ùs iepen gong, sa kin it dus ek: seinen wy.

Doe wy  jierren allyn hjirre  kamen  wiene wy de jongsten, nò binne wy de âlsten fan de bewenners. Der wenje nò allegearre jonge minsken om ùs hinne, en it iene nei it oare bern wurd benne.

Wy fine it hiel gesellich, en boppe dat wat noch belangriker is, se helpe ùs oan alle kanten. Jan helpt ùs mei de kompjùter as dy wer es krest is, Piter romme eltse dei de ofrûnne winter de snie op. En wer in oare buorman boadskippe foar ùs, as de weagen net te begean wine. En as er ien jierdei is wurre de âlde minsken ,{ wy dus} der by frege. Dus sa kin it ek, myn rie is dan ek ferhùzje as it net goed strookt mei jimme omjouwing, en is it wol ynoarder wes er bliid mei je kinne elkoar nedich ha.

Wy binne yn elts gefâl in pear tankbere minsken dy it o sa troffen ha mei de minsken om ùs hinne.