Ferslave!

Posted on 1 min read 33 views

ferslaveDat is ferkeard spul.” seit se en wiist nei it sigarettedoaske op `e tafel. Ta ferdideging sis ik; “Ik bin in gesellichheidssmoker.”

In oarenien wiest nei in flesse wyn dy `t yn in âld wynrek stiet. “Fergif.” seit se; “Der binne safolle oan kapot gong.” en sjocht my ferwitend oan.

Wer in oaren komt as ik oan it spultsje dwaan bin op de kompjûter. “Dat is ferslaafjend, wist dat? Kinst better in goed boek lêze.

Ik bin es by my sels te ride gong en bin ta de konklùzje kaam dat ik oanliz ha foar ferslaving. Alles doch ik mei ynmoet sûnder er oer nei te tinken. Dei en nacht bin ik er dan mei dwaande. En mei dy selfde fellens lit ik it sa wer falle en ha wer in oare ferslaving.

Sa is it ek mei de leafde. As ik fan ien hâld dan wol ik myn libben wol jaan foar him …

Soe dat fan thùs komme ? Ùs heit sei altiid; “As`t wat dochst doch it dan goed.

Wylts ik dit stikje skriuw gryp ik nei in pûdde Dûmkes. Soe ik help sykje moatte?

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Welné. Gewoan dwaan wat us memmeminske neadich acht te dwaan. Der bliuwe jo gelokkich bij.

Nim ik noch een sigaretsje tot mij.

Attie
Guest
Attie

Werkenber….soê it yn de famylje sitte ?

trackback

[…] Neat ferroare. […]

Previous
Mei de tiid mei

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien