Fremdelingen

troch Posted on 1 Comment 1 min read 529 views

Untitled-1Lofts achter ùs is in flat gebou, net sa heech mar twa etages. Yn de boppeste binne nije bewenners kaam. En dat hâld my no krekt yn `e besnijing want as ik bûten sit ha ik it each der op.

De buorman dy `t mei fan alles op `e hichte is sei dat er trije jonges yn kaam wiene. It binne kreaze jongelju se sitte rûch yn `t burd. Sa no en dan galmet fremde sangeriche musyk troch de iepen steande doarren.

Se hawwe in oare libbenswize as wy hja libje s nachts . Oerdei is it deastil en s nachts baarne de ljochten oant de moarntiid ta.

"It doogt net. Wat ik dy sis." seit myn man. "Miskyn wurde se wol oplieden foar de Jihad."

"Hoe komst der yn de goedichheid by?" sis ik lilk; "Alles wat fremd is, is net ferkeard."

"Wolst ek mei?" freegje ik him; "Kinne wy efkes kennismeitsje." Hy sjocht my fremd oan.

De kleieriche musyk giet wer oan en ik waan my yn fremde oarden. Fier, fier fuort.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Appelvrouw

prachtig stukje!

Previous
Facebook

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x