Moment suprême

It Moment Suprême is foar my de sneontemoarn as de Ljouwerter Krante op `e matte falt. Myn man, troch de jierren wiis wurden, seit neat; hy kriget dochs gjin andert. Dit is foar my in hillich momint. Ûnder it drinken fan ferskate kopkes kofje rin ik troch it nijs. Ûnnrêst by de plysje, in artikel [Lês mear »]

Ferbining

Al in hoartsje ha ik reboelje mei it ynternet en altyd as ik it neetsaaklik brûke moat. “Wost efkes op `e bank sjen?” freget myn man. Nei dat hy eachkrupsje krige hat, hat hy my weiwiis makke op it ynternet barren. Nei in protte earmoedzjen en eameljen fan myn kant krige ik it ûnder ‘e knibbel. En [Lês mear »]

Weitôge

“Moarn stimme.“, sis ik tsjin myn man; “Tinkst om dyn  ID kaart mei te nimmen?” Efkes letter seit er brimstich ; “Hast sto him net hân?” “Né,” sis ik; “ik hoech my deis net mei dyn kaartsje te legitimearjen. Dat wie yn de oarloch sa.” De goeie sfeer is ynienen foarby. “Do hast it spul [Lês mear »]

Selfke

We sitte tegearre op `e bank, sy en ik. We sitte te genietsjen fan de iere moarnssinne. Wy kinne mekoar al jierren sis mar ùs libben lang. We sille mekoar altyd trou bliuwe want we hearre byelkoar. Want sy is my en ik bin har. Mar dochs lizze wy faaks yn unmin. It iene momint [Lês mear »]

Allround

Wylts ùs hurdriders har klear meitsje foar de WK Allround yn Calgary haw ik myn eigen ‘allround‘. “Hast wiete sokken?” freegje ik myn man. “Hoe komst er by?” seit er brimstich. Ik stean yn de keuken en stap yn in dobbe wetter. “Dan hat de hûn it dien.” sis ik en sjoch nei Max dy [Lês mear »]

Mankelyk

De huzemerk lûkt wer oan. Nei in pear jier fan delgong yn de ekonomy krije de lju wer niget oan feroaringen. Jo kinne it fan alle kanten om ùs hinne merkbite. Hierhuzen wert lang in ‘Te Hier‘ op stie wurde yn rap tempo ferkocht. En dêrby begjinne ferskate minsken hja hûs te ferbouwen. De iene [Lês mear »]

Soarch op Maat

“Jo moatte mear bewege.” seit de fysioterapeute tsjin myn man; “Der moatte hiel wat kilo’s ôf.” Sûnt in pear moanne krije wy in ferpleechster en in fysioterapeute oan hûs. Dit giet ùt fan de Maatskip fan Artsen der`t wy by hearre. It sil wol ùt te stean hawwe mei de Soarch op Maat, tinke wy. [Lês mear »]

Memmetaal

Ik stean foar de baalje fan in bank. Ik wol ek mei dizze bank ynternet bankierje kinne. Mei in oare bank doch ik it al hiel lang dus moat it by dizze ek kinne. Ik sit op in komfortabele bank om my hinne te sjen. Alles is oranje, sels de baaljefroulje hawwe oranje horloazjes. Ien hat [Lês mear »]

Eangst

Ik krij in telefoantsje. De stim fan de oare kant seit benaud: “Kom je even?” It past my net sa goed. De gaspitten mar ùt: dit giet foar. Net sa fier fan ùs ôf wennet in freondinne dy ik al jierren kin. Har man is in pear jier allyn ferstoarn, de dochter komt sa no [Lês mear »]

Meditaasje en stilte

“Hawwe  jimme in bychthokje krigen?” freget se my. “Ne,” sis ik; “it is in stilte plak. Dan kin jo je efkes werom lûke as jo dat nedich hawwe.” “O,” seit se en tinkt er it harres fan. We rinne tegearre troch de tsjerke dy ferbouwd wurd. Omrop Fryslân stelde op syn webside de fraach: ‘Meditearje [Lês mear »]

>