Eangst

sufferingIk krij in telefoantsje. De stim fan de oare kant seit benaud: “Kom je even?” It past my net sa goed. De gaspitten mar ùt: dit giet foar.

Net sa fier fan ùs ôf wennet in freondinne dy ik al jierren kin. Har man is in pear jier allyn ferstoarn, de dochter komt sa no en dan te sjen hoe as it mei mem giet.

Mar no is it mienens; se hat yn ‘e scan west. Men hat in tumor ûntdutsen yn har longen. “Hij is kwaadaardig.” seit se. “Is er wat oan te dwaan?” freegje ik meilibjend. “Ik ga dood. seit se eangstich. Nei in skofke praten oer ditten en datten gean ik wer hûs.

“Ik moat eksamen dwaan.” seit de soan; “Ik helje it grif net. Der hinget in soart fan ôf. As ik it net helje dan krij ik myn untslach.” seit er tryst en lit syn iten stean.

“Myn gebit moat er ùt.” seit de buorfrou; “Ik krij plantaten.” “Nò,” sis ik; “wurdst er allinnich mar kreazer fan.

“Ik kinnet oer sikehûzen;” seit se; “ik fal fuortendaalks flau as ik oan kom.”

No, dan hoechst tenminste net ûnder narkoaze.” sis ik; “dat skeelt wer.

Mei de freondinne giet it wer goed. Hja hiene har ferwiksele mei in oare pasjint. De soan is slagge en de buorfrou kin wer kôgje. Eangst, dat kenne wy allegearre mar gean der ferskillend mei om.

Wa kin dit gedichtsje net?

Een mens lijdt dikwijls `t meest

Door `t lijden dat hij vreest

Doch dat nooit op komt dagen.

Zo heeft hij meer te dragen

Dan God te dragen geeft.

Dichter unbekend

Diele mei:

2 Comments on “Eangst

  1. “Het leed dat is, drukt niet zo zwaar
    Als vrees voor allerlei gevaar.
    Doch komt het eens in huis,
    Dan helpt God altijd weer
    En geeft Hij kracht naar kruis.”

    Om it kompleet te meitsjen 😉

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Eangst | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien