Soarch op Maat

troch Posted on 5 Comments 1 min read 113 views

Naamloos-1Jo moatte mear bewege.” seit de fysioterapeute tsjin myn man; “Der moatte hiel wat kilo’s ôf.

Sûnt in pear moanne krije wy in ferpleechster en in fysioterapeute oan hûs. Dit giet ùt fan de Maatskip fan Artsen der`t wy by hearre. It sil wol ùt te stean hawwe mei de Soarch op Maat, tinke wy.

Ien kear yn de trije moanne komme sy op besite. De bloeddruk wurd opnaam en it gewicht wurd yn ‘e gaten hâlden.

Ik moat sizze; it binne aerdiche froulje. De fysioterapeute hâld fan hûnen en is osa sportyf. De ferpleechster is yn it sâlt bebiten en wit fan wanten.

Yn earste ynstânsje wie it allinnich foar myn man bedoeld mar hja nimme my no ek mei.

Sa steane wy elke moarn neist elkoar foar it oanrjocht ùs oefeningen te dwaan. Alle lichemsdielen komme stik foar stik oan bar. Ik mei it ritme fêststelle en der giet it wol es mis. As ik alle litmaten hân ha is hy noch healwei.

“Dit is de lêste kear.” seit hy; “Dy ‘soarch op maat’ kin om my de pot op.”

“En nò gean wy nei in diëtiste.” sis ik. Ik ha de smaak te pakken en bin net te hâlden.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Earme man. As us memmeminske him mar in gleske wyn jout, nei de tiid.

wokkesplak
Guest

‘Leafde kin in stjit ferdrage !

Soan D.
Guest

En sa is ‘t 😉

Appelvrouw
Guest

Ik zie je al bij het aanrecht staan met je been zo recht omhoog.
Rustig aan blijven doorademen.
Al dat gegym, Wokke, dat levert niets op.
Ik deed het heel veel jaren en nu kan ik niet meer lopen, dus pas maar op, ik denk dat je in de keuken beter lekker kunt koken. En vergeet die weegschaal nou maar.
Toen ik 60 woog had ik meer pijn dan nu.

Previous
Memmetaal

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien