Mankelyk

Naamloos-1De huzemerk lûkt wer oan. Nei in pear jier fan delgong yn de ekonomy krije de lju wer niget oan feroaringen.

Jo kinne it fan alle kanten om ùs hinne merkbite. Hierhuzen wert lang in ‘Te Hier‘ op stie wurde yn rap tempo ferkocht. En dêrby begjinne ferskate minsken hja hûs te ferbouwen.

De iene frachtauto nei de oare ryd lâns ùs hûs. Timmerlju, elektriciens en stoffearders wikselje mekoar yn rap tempo ôf.

Ik wurd der mankelyk fan. Troch de jierren hinne kinne wy de minsken stik foar stik. We binne meielkoar as it ware fergroeid.

Hiel wat kearen bin ik op kreambesite west. By ferstjerren sochten wy elkoar op en dielden ùs fertriet. As wy mekoar helpe koenen dienen wy dat. Oankeapen fan ynternet waarden by ùs besoarge en hiel wat bisten fûnen yn de fekânsjes in ûnderkommen.

Ik moat wer op ‘e nij begjinne mei fremde lju der `t ik it libbensferhaal net fan ken.

Mankelyk  bin ik , want it kostet jierren om wer eigen te wurden en dy  ha ik net mear.

Mei in lang fûlbannich toeterjen giet de lêste ferhûsuto de bocht om.

Diele mei:

2 Comments on “Mankelyk

  1. Melancholie vermoed ik dat je bedoelt met mankelyk.
    Zo begrijpelijk.
    Waarom kunnen mensen niet gewoon blijven waar ze wonen?

    (Ik ben zelf in 40 jaar tijd 14 keer verhuisd maar snap nog steeds niet waarom)

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien