Gjin drokte, hear.

“Gjin drokte, hear.” seit er troch de telefoan. We hawwe it oer de feestdagen. “Wat is jimme doel?” freegje ik elk jier wer. Want ik moat dochs wat yn hûs hawwe. As wy tegearre binne dan meitsje ik net san drokte. As er mar wat iterij yn ‘e hûs  is en in drankje fansels. Mar as sy [Lês mear »]

In dak boppe de holle

Wylts it lân oeral mei aksjes dwaande is foar help oan de Filepijnen hingje ik fûgelhokjes op. Yn in grutte bistewinkel kaam ik in nijsgjirrich hokje tsjin mei in grien dakje der boppe. “Meist noch wol ien helje.” seit er; “Dat liket sa iel.“ En sa koste it my fjouwer ritten nei de winkel.  Mar no is it [Lês mear »]

It dûnsereske

“Kinst ek wat opskowe?” sis ik brimstich en draai my noch ris om. Mar se bliuwt mar triuwen en as ik my net oan it bed fêst hâlden hie, hie ik op ‘e grûn lein. Lilk gean ik oerrein en sjoch ferheard om my hinne. Myn man seit kribbich; “Is er wat?“ “Nè,” sis ik; “ik [Lês mear »]

Opromje

“Dat mei nèt fuort, hear.” seit er. Hy stiet er op ‘e kop en earen by, dea benauwd as er wat fuort giet dat hy noch brûke kin.   It is wer it selde deuntsje. Wy kinne goed opsjitte mar wy hakketakje noch alles as it oan it opromjen ta is. Nò ek wer; ik ha [Lês mear »]

Bûgd mar net brutsen

“Folhâlde, jonge.” sis ik tsjin de beam. Ik sit foar it rùt en sjoch him wrakseljen tsjin it natûrgeweld. Koe ik him mar helpe mar tsjin san stoarm is hy net opwoeksen. Ik ha wat mei dy beam. As lyts beamke krige fan myn suster. Hy wie oer en tefolle op it balkon. Ik ha [Lês mear »]

Diskusjearje

Wy sitte noflik by elkoar en binne sa as dat somstiden giet oan it diskusjearjen. Oerâl oer, jo kinne it sa gek net betinke as it komt op it plùs. Wy hawwe ùtrinnende mienings. As bruorren en susters ha wy ùs eigen wegen socht yn it libben. Wy binne ferskate rjochtingen ùt wyndere. Sawol op [Lês mear »]

Mot

We hawwe mot. In frou fan middelbere aldens bringt folders rûn. Hja draaft altiid en dêr knypt it; ûs Max hat in bloedhekel oan jachtsjende minsken.   It bist wat oars heel leaf en guodlik is wurd dan furieus. Wat motivaasje der achter sit wit ik net. Op in sinniche dei bin ik dwaande yn [Lês mear »]

Stofsûgerje

“Ik wol in stofsûger ha sûnder sek.” sis ik tsjin myn man. “Hoe nò?” seit er; “do hast dochs in goeie?” “Ja mar,“ sis ik; “dy sek is altiid fol. En djûr binne dy kringen! Dat skilt in heel stik yn ùs budzjet.” “Do moast ekonomysk tinke, yn dizze tiid.” sis ik. “Ast er sa oer tinkste dan moast [Lês mear »]

Jûntyd

It is al let yn de jûn en deastil om my hinne. De buorlju binne noch op fekânsje. De fûgels hawwe al betiid in plakje socht foar de nacht. De minsken om my hinne binne ta rêst kaam. Ik genietsje. Ik ha it gefûl dat ik allinnich op ‘e wrâld bin . Alle swirrichheden fan [Lês mear »]

Pizerich

“Wat ite wy hjoed?“ Dy fraach waard my regelmjittich stelt doe de bern noch thus wennen. De âlste wie in redelike iter. Dat wie gjin probleem. De twadde wie in alles iter. Der wie neat dat him net smakke. Ach, wat wie dat noflik. Neat gjin geëamel. Mar de tredde wie in pizer. Ik koe [Lês mear »]

>