Pizerich

spoiledWat ite wy hjoed?

Dy fraach waard my regelmjittich stelt doe de bern noch thus wennen. De âlste wie in redelike iter. Dat wie gjin probleem.

De twadde wie in alles iter. Der wie neat dat him net smakke. Ach, wat wie dat noflik. Neat gjin geëamel.

Mar de tredde wie in pizer. Ik koe it al oan syn hâlding sjen as er sitten gong. Mei in lang gesicht seach hy nei wat er op ‘e tafel stie. Dat wekke faaks wrevel op. “Do ist it mar op, hear. Krigest net wat oars.” wie altyd it selde andert. En it ferhaaltsje oer de ropppiche bern ùt Afrika joech ek al neat mear.

Dat die my faaks oan ùs heit tinken. Ik wit wol: dat wiene oare tiden. Wy hiene it net rom. Dêrby kaam; ùs mem koe net koaitsje. Ik kaam altyd achteroan. Ùs heit skeppe gewoan de sûpenbrij op de jirpels en de griente. Psychology hie de goede man noch nea fan heard.

Ít wie hjoed wer ynoarder, Reitse.” seit de allesiter; “Ik ha it wol es minder hân.

Lokkich is er dan altyd noch de McDonalds, de pizzeria as de sjinees.

2 Comments on “Pizerich

  1. Wy hiene in prater. Altyd it heechste wurd en oer Dokkum nei Ljouwert. En altyd as lêste it iten op. As syn eigen bern net woene ite gong it iten yn de ôffalbak mei in ferhaal yn kleuren en geuren wat se allegearre net oerkomme soe as se it net opieten. Se stiene dan betommele yn de ôffalbak te sjen.

  2. Als je van armoe bij mc donalds moet eten, dan kun je niet eens meer zeggen dat je het wel eens minder hebt gehad.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien