Bûgd mar net brutsen

Naamloos-1Folhâlde, jonge.” sis ik tsjin de beam.

Ik sit foar it rùt en sjoch him wrakseljen tsjin it natûrgeweld. Koe ik him mar helpe mar tsjin san stoarm is hy net opwoeksen.

Ik ha wat mei dy beam. As lyts beamke krige fan myn suster. Hy wie oer en tefolle op it balkon. Ik ha der mei in protte leafde oppast. Yn droege tiden wetter joen en yn de winter bedutsen tsjin de froast. 

It docht my tinken oan in minskelibben. Ek yn myn libben binne hurde stoarmen west, somstiden wie de “koade read”. Mar altiid wer blaasde de wyn de krùn wer omheech. Myn  libbensbeam stie yn geve grûn woartele en joech nea ta oan wat foar foarm  fan oermacht  ek.

Folhâlde, jonge.” sis ik en de beam bleun stean en krige krêft fan oare beamen.

Bûgd mar net brutsen …

LÊS EK:  Risikogefal
  • >