Opromje

Naamloos-1“Dat mei nèt fuort, hear.” seit er. Hy stiet er op ‘e kop en earen by, dea benauwd as er wat fuort giet dat hy noch brûke kin.  

It is wer it selde deuntsje. Wy kinne goed opsjitte mar wy hakketakje noch alles as it oan it opromjen ta is.

Nò ek wer; ik ha wat opside set foar de rommelmerk fan de tsjerke en ha it yn de fierste hoeke fan it hok set. Mar al gau stiet de brot wer op it plak der`t it altiid stien hat. Ik wurd pûr lilk en rop dan; “Do kinst it dochs net mei nimme. Dèr is al hielendal gjin plak. 

Sa ek mei de administraasje fan jierren allyn. Oardners fol mei papieren fan ferzekeringen, rekkeningen en safoart-hinne. En om dat ik nedich kastromte ha moat stiet it regelmjittich op myn aginda.

Foar dat ik yn hûs gean kontrolear ik noch efkes as it er noch stiet. Ja hear; de âld fyts is er by wei. “Dy fiets is ferrustke!” rop ik. “Ja mar it stjûr wie noch goed.” seit er yrritearje. 

Wer is de oardner fan 2010?” freegje ik. Myn stofsûger hat him bejûn. Miskyn sit er noch garânsje op.

Gjin tel letter bringt hy wat ik nedich ha. Dochs soe ik him net misse wolle. Wa soe my behoedzje foar opromjen?

2 Comments on “Opromje

  1. Oh heerlijk!

    En dat weggooien is zo herkenbaar.
    ManB heeft geen enkel probleem om mijn spullen in de container te gooien, tot mijn ergernis want de kringloop wil het nog best hebben, en soms ben ik er nog niet aan toe het weg te doen.
    Maar van zijn spullen mag niets weg.
    En schoonmoeder gooit stiekem spullen in de container, dat deed ze vroeger al tijdens het opruimen van de kamers van de kinderen.
    Hele treinstellen, rails, vliegtuigen waardevolle spullen kieperde ze zo weg. En ze doet het nog altijd met de spullen van haar man, ondanks de ruzies die dat steeds oplevert.

  2. Zo doe ik dat met de aloude tijdschriften van mijn wederhelft als hij met de hond op stap is…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien