Diskusjearje

Naamloos-1Wy sitte noflik by elkoar en binne sa as dat somstiden giet oan it diskusjearjen. Oerâl oer, jo kinne it sa gek net betinke as it komt op it plùs. Wy hawwe ùtrinnende mienings.

As bruorren en susters ha wy ùs eigen wegen socht yn it libben. Wy binne ferskate rjochtingen ùt wyndere. Sawol op it med fan leauwen as maatskiplik.

De iene is behâldend bleun en de oare  is rom fan opfettings wurden. Myn iene broer glimket wat want hy hâld net fan diskusjes, is skrutend dat it ùt de hân rint. De oare broer giet er seft tsjin yn mei argeminten dy net stroke mei mines. Ik ha myn temperamint tsjin en lit mei stimferheffing hearre hoe ik der oer tink. Se sjogge my oan en tinke wyslik; “Ach, sa is sy nò ienkear. Se liket op ùs mem.

As it slokje op ‘e tafel komt binne de grappen net fan de loft.

Myn broer wol aansen Swarte Pyt wurde, myn suster Sinterklaas en ik? Ik sil struie …  😆

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien