Om it hus
Ynventyf
“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne … Read more
De heechwurker
Samar op de iere moarn komt in grutte heechwurker de strjitte yn riden. It ferkear wurd mei linten ôfset. In pear manlju rinne der omhinne. “Wat soene dy fan plan wêze?” freegje ik my ôf. Nijskjirrich folgje ik hun bewegings. Stik foar stik wurde de beamen besjoen en betaaste. Dan riid de heechwurker nei de earste … Read more
Mienings
De lûden wurde heftiger. De keamer zit fol minsken nei oanlieding fan in jierdei. Mei de kofje is eltsenien noch reedlik kalm. Rêstich giet it praat oer deistiche dingen sa as it waar en sûnens. As it letter wurd en der komt in drankje op tafel dan wurd it petear fûleindiger. It falt my … Read more
Maitiidsridel
Ik ha gjin rêst mear yn it gat, ik ha de ridel yn it gat. Der moat fan alles om my hinne barre. De planten dy yn it hok oerwintere ha komme nei in lang skoft wer foar`t ljocht. Wat soe er noch fan oerbleun wêze? Ta myn grutte foldienes hoech ik neat wei te … Read more
De bûtekant
“Dat ding docht it net mear.” sis ik en skop tsjin de kuolkast. Dat wol wol es helpe. Dat ha ik es mei de televyzje dien do it noch net in plat skerm wie. “Moast him mar es goed skjin meitsje.” seit er. “Goed.” sis ik en triuw him in skûlk yn `e han. “Hy … Read more
Frijwilligens
“Ik moat frijwillegerswurk dwaan.” sei myn buorman. Hy is altyd selsstannig undernimmer west yn it frachtferfier. Mar troch lichemsbeheindens rekke hy der ùt. Foar de nuverste putsjes wurd hy no frege. “Ik fiel my minderweardich.“ seit er mankelyk. In oaren ien betocht sels om wat te dwaan foar mienskip en melde him oan. Mar de oare deis … Read more
Ynternetboekhâlde
Ik sil efkes ynternetboekhâlde. Ik bin benijd wat de skea is nei dizze djoere wiken. Mar as ik alle hannelingen dien ha sa as ik it gewoan wie, giet it mis. De bank hat oan it feroarjen west. “Dat is tsjin de oplichterij.” seit myn man; “Ik sis dochs altyd al dat it net betroud … Read more