De tsien dingen

Wy hawwe yn ùs gemeente in ploechje liturgen. Dat wol sizze: om syn beurt lèze wy sneins gedielten ùt de bibel der`t de  foargonger in oertinking oer hawwe sil. In jier as wat allyn binne wy der mei ùt ein set. Ûnder lieding fan in logopedist moasten wy leare om starich en dùdlik te praten. [Lês mear »]

Rommelmerk

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke. It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane [Lês mear »]

Hûs te keap

“Wat staan hier een huizen te koop…“, seit it jonge frommeske. Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: “Mijn huis staat al twee jaar te koop.” Hja fertelde dat [Lês mear »]

Stress

Der stiet in monteur foar de doar. Ùs televyzje docht it net mear. UPC hat grut underhâld plege yn hiel de omkriten. Gefolch: gjin byld allinne snie. De man fan it kastje bûten is nearne te finen. Dan mar skilje mar dan begjint de illinde. Hoe lis ik de man oan de telefoan ùt wat [Lês mear »]

Tsjerkepaad

Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske [Lês mear »]

Indy

“Mem, Indy is ek dea…“, seit myn soan. Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat [Lês mear »]

De skilder

Healwei achten stiet er al foar de doar; de skilder. Nei lang hin en wer gepraat sille ùs doarren yn de keamer ferve wurre. It hat my hiel wat koste om it sa fier te kryen. Myn man fûn it net nedich. “Ien dy hurd rint sjocht er neat fan en as it de minsken [Lês mear »]

Sparje Yn de telefoanwinkel

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net kieze. De iene nei de oare klant komt mei fragen dêr’t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet. Ik wit wól, dat leit oan my. As ik sa de minsken praten hear, dan betink ik mysels yn it [Lês mear »]

Leadjitter

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is… Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  “Nr. 1 is foar is [Lês mear »]

Frachtrider

Lûd klaksonearjend giet ùs buorman mei syn frachtauto nei Frankryk. Sneins giet er foart en komt tsjin it wykein wer thùs. Mei it selde ritueel toeterjent en as it donker is gean de koplampen oan en ùt. Wy binne bliid dat hy wer heel thùs kommen is. Hy docht foar him sels, hy kin net [Lês mear »]

>