Sparje Yn de telefoanwinkel

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net kieze. De iene nei de oare klant komt mei fragen dêr’t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet.

Ik wit wól, dat leit oan my. As ik sa de minsken praten hear, dan betink ik mysels yn it bûtenlân.

Mobile ‘phones’, iPod’s, iPad’s, Androids en iPhone’s; ik wit net wat der mear oer de toanbank giet. Ik stoarje dernei en fiel my analfabeet.

“Wêr prate dy lju oer?” Myn soan stiet derby en sjocht my suver sardonysk mar glimkjend oan.

Der stiet in mem mei in dochter al in oere te oerlizzen mei de ferkeaper. Se fertelt entûsjast dat har dochter slagge is. En no geane se tegearre op’en paad foar de oanskaf in iPhone. Grutsk seit it famke tsjin de ferkeaper: “Ik ha der ek wol in jier foar sparre hear!”

Wy binne der om in senioare-telefoan mei grutte nûmers en in lûde bel. Ik fiel my âld, ik moat net tefolle yn sokke winkels komme.

Hawar. Wy slagje mei de oankeap en neffens de ferkeaper kin men myn ringtone oan’e oare kant fan’e wrâld hearre.

Hoe soe it mei it famke fierder gean? Ik hoopje foar har dat sy yn har libben ek slagje mei…

LÊS EK:  Hernia
>