Hûs te keap

Wat staan hier een huizen te koop…“, seit it jonge frommeske.

Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: “Mijn huis staat al twee jaar te koop.” Hja fertelde dat sy ùt Amsterdam kaam en ferhuze wie om har dochter. Mar de dochter wie yn tuskentiid skieden en wenne  earne oars. En nõ wie hja osa unwennich en woe werom nei Amsterdam. “Wat bind my hier nog?“, seit se tryst. 

It jonge frommiske fertelt dat sy studinte is en hjoed op kurses moat. “Ik ben al uren onderweg om hier te komen. Wat een uithoek, zeg!” By de bushalte stappe hja beide ùt. Ik druk noch gau de frou myn adres yn de hân en sis: “Kom maar langs, u bent altijd welkom”.

Ik nim my foar noait de bern achternei te reizgjen hoe bèst de ferhâldings ek binne. Dus soanen: by dizze!

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien