Minsken

Skoalreiske

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der hie min noch gjin weet fan. Dèr waard wol sein, nèt healwiizje en goed fèsthâlde. De dyken wiene ek noch nèt sa goed as hjoed te dei, wy hâlden mekoar fèst en as de auto oer in bult rydt dan fleachen wy ûnder grutte hilariteit troch de fèwein.

Yn Appelskea oankaam wie de helte fan de bern beroerd en mislik. Mar mei de ranje en de tontsjes ko-iis wiene wy al gau alles fergetten. Wat ha wy ùs fermakke yn de sânkûle en de boarterstùn. De dei fleach om en al gau moasten wy wer yn de fèwein nei hûs ta. Dat skeat my yn iens yn`t sin dû ik in grutte lùkse toerbus foar de skoalle stean seach . Se soenen mei de skoalbern nei it bûtenlân , sei de sjaufeur .

Soene dizze bern letter ek sokke moaie oantinkings  ha, freechje ik my ôf.  Tiden hawwe tiden, is`t nèt wier?

Ùtlitte

trochPosted on 0 Comments1min read1152 views

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel wat oars.

Nei dat wy bypraten binne gean Max en ik wer fjirder. Dan hâld Jan my oan; hy en syn freondinne binne mei de karavan nei Italië west en hawwe it osa nei it sin hân. Ek Veronica is mei har man en twa hûnen nei it suden west. Entûsjast ferteld se wat hja belibbe ha ûnderweis. Max wurd ungeduerich, hy hat al hiel wat kearen syn poat omheech hân mar der moat noch mear barre. Dan komt myn neiste buorfrou er oan en seit dat sy mei har man -de frachtrider-  nei Frankryk giet. Ik winskje harren in moaie rit ta en lit my nei de berm skuorre.

Wa lit wa ùt, ik wit it nèt..

De tsien dingen

trochPosted on 0 Comments2min read1041 views

Wy hawwe yn ùs gemeente in ploechje liturgen. Dat wol sizze: om syn beurt lèze wy sneins gedielten ùt de bibel der`t de  foargonger in oertinking oer hawwe sil.

In jier as wat allyn binne wy der mei ùt ein set. Ûnder lieding fan in logopedist moasten wy leare om starich en dùdlik te praten. En dan moasten wy de eangst oerwinne om foar in grutte mannichte te sprekken. En foar dat wy it ûnder de knibbel hiene ha wy hiel wat ôfswitten en senuwen oerwinne moatten. Mar dat rint nò al in jier as wat en it foldocht goed seit min. "Wolst sneintemoarn de tsien geboden foar lèze?", freget de foargonger oan my; "Mar dan wol wat simpel wei want it is foar de bern..."

En sa fyn ik de tsien dingen op in ienfâldiche wize ùtlein yn it 'Blide Boadskip' fan J.W. Zantema.

  • Ik bin dyn God, en in oare god hasto net. 
  • Do meist gjin dingen meitsje om dèr foar te bidden.
  • Do meist net flokke, dan brûkst Myn namme ferkeard.
  • De snein is in aparte dei, oars as de oare  seis dagen: it is Myn dei . 
  • Hâld fan dyn heit en mem.
  • Do meist net deaslaan.
  • Heit en mem hearre byinoar.
  • Do meist net stelle.
  • Do meist net wat raars fan in oar sizze, as it net wier is.
  • Do meist net oergunstich  wèze.

Dat binne dus de tsien dingen foar de bern en foar de grutte minsken dy noch bern wèze wolle. Wat ha wy dochs in prachtiche taal om ùs te ùterjen yn gefoelens, emoasjes en spraak, is`t nèt wier?

 

Rommelmerk

trochPosted on 0 Comments1min read1089 views

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke.

It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane wurd  it troch jûn en it hûs as flat wurd opromme en skjin makke. En dan moat it noch priizge wurde fan it lytse oan 't grutte guod ta. En dan, as it sa fier is. stean wy wol mei in hûnderd frijwilligers yn it sintrum te ferkeapjen.

It is in geweldige dei, in dei fan mienskipssin mei elkoar wurkje foar ien doel. Sa hat elts syn plak fûn: de iene by it wyt guod en de oare by it diggel guod. En sa stean ik by de ôftanke bult klean. Fan alles giet ùs troch de hannen. Fan dûnstekkens , underbrûken oant klean fan ûndùdlike ôfkomst.  Mar wat my it meast noch boeie kin binne de ferskate minsken. Fan ôf ien euro moat er ôftinge wurde.Oan t ein fan 'e dei binne wy tige foldien en dik tefreden.                                                                                                                                                                                      

In pear froulju ùt in fremd lân jouwe my in han en laitsje nei my . Bin ik te gol west? Ik wit it net mar it jout my in goed gefoel. Der giet it dochs om? 

Foto: Rommelmarktblog

Hûs te keap

trochPosted on 0 Comments1min read1116 views

"Wat staan hier een huizen te koop...", seit it jonge frommeske.

Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: "Mijn huis staat al twee jaar te koop." Hja fertelde dat sy ùt Amsterdam kaam en ferhuze wie om har dochter. Mar de dochter wie yn tuskentiid skieden en wenne  earne oars. En nõ wie hja osa unwennich en woe werom nei Amsterdam. "Wat bind my hier nog?", seit se tryst. 

It jonge frommiske fertelt dat sy studinte is en hjoed op kurses moat. "Ik ben al uren onderweg om hier te komen. Wat een uithoek, zeg!" By de bushalte stappe hja beide ùt. Ik druk noch gau de frou myn adres yn de hân en sis: "Kom maar langs, u bent altijd welkom".

Ik nim my foar noait de bern achternei te reizgjen hoe bèst de ferhâldings ek binne. Dus soanen: by dizze!

Stress

trochPosted on 0 Comments1min read1101 views

Der stiet in monteur foar de doar. Ùs televyzje docht it net mear. UPC hat grut underhâld plege yn hiel de omkriten. Gefolch: gjin byld allinne snie.

De man fan it kastje bûten is nearne te finen. Dan mar skilje mar dan begjint de illinde. Hoe lis ik de man oan de telefoan ùt wat der oan de hân is? Ik bin net technysk en myn man sjocht der neat fan. De UPC-man begrypt mar net wat ik bedoel. Op it lest sis ik yn greven; "We redde ùs sels wol."

Sa skilje ik in monteur -dan mar betelje- mar de ûnkosten gean nei de oarsaak. De monteur is in aerdiche jonge man mar hat de holle bryk op de lea. En mei pine ferlutsen gesicht stiet hy my te wurd. Meilydsum freechje ik  hoe as it mei him is. "It komt fan de stress." andert hy. Op myn fraach as dat fan it wurk komt, seit er: "Myn mem krige juster in hertoanfâl. Sadwaande moast ik dalik nei it sikenhûs. Se is wer thùs , it is allegearre meifallen. Mar nò kin ik myn nekke net bewege , en dat komt fan de stress." Nei in bakje kofje, in aspiryntsje en in praatsje giet er wer foart. We hawwe wer byld en de jongeman rint wer rjochtop de doar ùt.

Wat kin my de rekken skele: it wie dochs de muoite wurdich net !..

Tsjerkepaad

trochPosted on 1 Comment1min read1520 views

Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske oargels sille hun lûd hearre litte. Dizze tsjerkepaaddei rint al foar it achste jier en lûkt tûzenden besikers.

Yn eltse tsjerke is wat te dwaan; tentoanstellingen fan keunstners ùt eigen doarp as stèd. Ek konserten wurde der jûn op oargels fan fryske oargelbouwers. En dy hie Fryslân ieuwen lang. Yn Ljouwert wurkje hjoeddedei noch oargelbouwers ûnder de namme fan Bakker en Timminga.

Wat ha wy dochs in rike skiednis, betink ik my. Ach, ik wurd der bytiden lyrysk fan as ik sa troch ùs provinsje ryd en oan de kime al dy toarrens boppe it lânskip ùt stekken sjoch. Lokkich binne der ynstânsjes en hûnderden frijwilligers dy passe op ùs erfguod.

"Komst ek noch?", hear ik myn freon roppen;"It rint stoarm..."

Foto: Doopsgezind-web-log.nl (klik afbeelding)

Indy

trochPosted on 1 Comment1min read1113 views

"Mem, Indy is ek dea...", seit myn soan.

Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat Dobermanns en it lytse biske koe der net tsjin op en rûn hieltyd foart. Sa is hy by hun kaam en noait wer foart rûn.

De relaasje rekke ùt mar Indy bleaun. Kontakt hawwe altyd hâlden. Eartiids hiene wy Jelle, in Welsh Springer. Dat waarden dikke maten. Jelle stoar oan in hertkwaal en is mar fjouwer jier wurden. Mar Yndy is âld wurden en hat in prachtich libben hân. Hy hat folle mear foar har west as in hûn. Hy wie har bern mar ek har maat. Hy dielde yn har fertriet mar ek yn har gelok. Nei sechtstjin jier fan freonskip sil it wennen wèze sûnder dit bysûndere bist Indy.

Wy libje mei. Wy witte ommers wat it is in famyljelid te ferlizen in hûn heart dèr dochs ek by ...   

(En sliepe.. wat is dat?)

De skilder

trochPosted on 0 Comments2min read1046 views

Healwei achten stiet er al foar de doar; de skilder. Nei lang hin en wer gepraat sille ùs doarren yn de keamer ferve wurre. It hat my hiel wat koste om it sa fier te kryen. Myn man fûn it net nedich.

"Ien dy hurd rint sjocht er neat fan en as it de minsken net noasket bliuwe se der mar." seit er. Mar sa wurket it net by my, ik sette troch en dèr wie de skilder. Yn in omsjoch stie de keamer fol mei alles wat san man nedich hat. Myn man flechte nei de souder en ik nei de tùn. Mar der wie ik al gau wer wei want it reinde bolstiennen, derom hiene wy de skilder  fansels bûten koene hja neat. Hy wie in aerdiche jonge man en hie gjin praatsjes. Yn koarte tiid hie hy it saakje yn e grûnferve. Dû it kofjetiid wie kaam er gesellich by my sitten. Hy fertelde al ridlik gau ùt wat foar nest hy  kaam. En om dat minsken my altiid yn 'e besnijing hâlde wie ik al gau de tiid fergetten. Trije broers en in suster hie der en âlders wer`t er in goeie bân mei hie. En sa gong er fjirder. Hy fertelde fan syn freondinne dat sy foar it earst bijelkoar wennen.

Wy wiene de hele tiid fergetten oan`t syn baas om 'e hoeke kaam en seach hoe fier hy al foardere wie. Mar it is klear kaam en it sjocht er kreas ùt. Sels myn man fynt it in goeie set fan my...

En de skilder en ik, wy nimme ôfskie as âlde bekinden...


Sparje

trochPosted on 1 Comment1min read1306 views

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net ùt de rie komme. De iene klant nei de oare komt mei fragen  der `t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet.

Ik wit wol; dat is in mankemint fan my. As ik sa de minsken praten hear, dan waan ik mysels yn it bûtelân. Mobile foans, iPod's en iPhone's;  ik wit net wat der mear oer de toanbank giet. Ik stean der mar en fiel my analfabeet. "Wer prate dy lju oer?", myn soan stiet der by en sjocht  my wat meilydsem oan.

Der stiet in mem mei in dochter al in oere te orearjen. Se ferteld entûsiast dat har dochter slagge is. En nò mei se in iPhone  ùtsykje. Grutsk seit it famke; "Ik ha der ek  wol in jier foar sparre hear!" Wy binne der om in seniorentelefoan mei grutte nûmers en in lûde skille. Ik fiel my âld, ik moat net te folle yn sok soart winkels komme.

We slagje mei in apparaat en neffens de ferkeaper kin min ùs oan 'e oare kant fan de wrâld wol hearre.

Hoe soe it mei it famke fjirder gean? Ik hoopje foar har dat sy yn har libben ek slagje mei...