Minsken

Obesitas

troch Posted on 2 Comments 1 min read 725 views

Wy sjogge nei in programma oer Obesitas; minsken dy ofgryslik dik binne. Hoe ha se it safier komme litten, betink ik my.

"Soene wy der ek net wat oan dwaan moatte? Wy binne ek al aerdich op wei.", sis ik. "It falt mei my wol ta. It sit my net yn de wei.", seit er. Hy fynt fan him sels dat hy noch aerdich mei komme kin. Mar ik sjoch him jier nei jier ùtdijen. "Wy moatte mar in diètiste yn earm nimme," bring ik op it aljemint; "it moat wol mei begelieding."

"Nò, as it mar in aardich jong wyfke is..." seit er; "der ha ik wol honger yn 'e hals foar oer. "Mar dan jûnslet net mear ta it friesfak, hè?", sis ik. We meitsje in ôfpraak, we steane tegearre sterk.

Hear ik de kuolkastdoar nèt? Ik liz op bed en fertrouw de saak net. Ik gean nei ûnderen.

"Wat hasto lekkere âlde tsiis. Wolst ek in stikje?"

(..)

Ùtpûste

troch Posted on 3 Comments 1 min read 772 views

"Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje." "Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?" freget myn man. "Wist wat," sis ik; "myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein."

En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò mei in hûn en in stekwein by de trein? Mar al dy drokte hie net nedich west want hy hie al syn begage op tsjillen. Wy rinne achter him oan: Max, ik en it stekweintsje. "It hie net hoecht," sizze wy tsjin elkoar; "Hy kin him sels wol redde." Sa giet it as minsken folwoeksen wurde.En der moat de omkriten noch oan wenne.

Max is wer de âlde hûn, syn minsken binne allegearre wer thùs. "Ïk moat oefenje," seit myn man; "kinst my helpe"?

"Ik moat earst ùtpûste," sis ik; "en dan gean ik op fekânsje. Der is fèst noch wol in last minute reis." 😆

Koma

troch Posted on 5 Comments 1 min read 908 views

In jonkje en in famke fan om en de by trije jier boartsje mei in poppeweintsje op it trottoir. Dat koe doe noch. Der wie noch net folle ferkear. Ynienen pakt it jonkje it poppeweintsje fan it famke ôf en stekt de dyk oer. En sa komt er ûnder de auto. Swier ferwûne wurd er nei it sikehûs brocht.

Nei in wike yn koma lein te hawwen komt hy by. Wy hiene in nije auto kocht, in blau-achtiche Opel. Wy hiene in grutte poster op it fuottenein plakt foar as hy bykomme soe. En mei it fingerke wize hy nei de poster en sei; "Opel..."

Wat wiene wy bliid. It hiele sikehûs krige Oranjekoeke. Syn hiele libben hat yn 'e teken stien fan dy wike koma. Hy hat der in protte fan oer hâlden. Hy wie emosjoneel en driftich. Koe him opwine om neat. Wy hawwe ùs hiele libben rekken mei him hâlde moatten. As er in bist dea gong seine wy dat de kat as de hûn foartrûn wie. Mar it measte hat it syn eigen libben beynfloede. Dochs hat hy fan grutte betsjutting west foar ùs en syn bruorren. (+)

Hy mocht njoggenfjirtich jier wurde.

Wy libje yntins mei it Keninklikhûs mei. Wy hawwe it ommers sels meimakke... 

Untslein

troch Posted on 4 Comments 1 min read 1434 views

Hy is wer thus. Untslein ût it sikehûs. Unwennich stiet er yn de keamer. "It is hjir oars. Hast de keamer feroare?" Ik moat ta jaan: de wike dat er foart wie ha ik my goed ùt tjirge en alles op 'e kop setten. It meubilèr stiet oars: banken en tafeltsjes stean op in oar plak. Allinne syn stoel is stean bleun. 

"Bin ik hjir wol goed as bin ik by de buorren?", freget er. "Nè..." sis ik; "Do bist goed mar ik ha it sa del setten dasto dy better bewege kinste. Do hast nò alle romte." Wat is dat dochs altiid;  dy ûnrèst yn my? Ta grutte argewaasje somtiden fan femylje en freonen.

Sa is ek myn libben west: altyd siikjend nei feroarings en bewegings. De sleur ferbrekke, eangst om yn te sliepen ? Witte jimme it,  ikke net! 

"Gesellich, hear." seit er ;"It hat wol es minder west..."

Besikersoere

troch Posted on 4 Comments 1 min read 664 views

"Ik bin hjoed oerbeppe wurden!" ropt in âld minske; "Binne  jo ek al beppe?" Op myn nè noch net, giet se troch.

Ik bin op besite by myn man. Hy is drok oan it oefenjen. In pear dagen allyn hat hy in nije knibbel krige. Stumperich rint hy stapke foar stapke mei twa stokken troch de seal. Alle bedden binne beset. Meastal binne it bonkebreuken. Allegearre opdien troch de gledte. In jong famke leit te dikerjen nei it plafond. Ik wol efkes nei har ta mar myn man seit; "Nèt dwaan, der is wat mei har...".

In  man fan in oar bed ropt nei my; "Ik kin jo wol. Ik ha jo eartyds op in sneintejûn thus brocht?" Ik sis; "Dat wit ik net mear, ik hie sa folle dy my thus brochten!" Myn man sjocht my te mûk oan. "Wie dat sa ?", seit  er. "Dat sil ik dy noch wol ris fertelle.", sis ik. It weintsje mei kofje en tee komt lâns en efkes is it stil.

Dan sil ik foart in man giet foar my stean en seit; "Myn frou is okker deis ferstoan. Wolle jo es lâns komme?" "Jo moatte earst mar es opknappe," sis ik; "dan sjoche wy wol wer..."

It famke dikert noch altyd nei it plafond. Wat soe dèr te sjen weze! 

De telefoniste

troch Posted on 1 Comment 1 min read 676 views

"Atsje, jo krye moarn in iter, hear.", sei de telefoniste tsjin ùs mem. Yn dy tyd hiene wy yn ùs doarp in postkantoarke mei in telefoniste dy alles wist fan de ynwenners. Sy siet dan yn it kantoar foar in grut boerd mei allegearre gatsjes en razend fluch stuts sy de de stekker yn al dy gatsjes.

Sa hearden wy wa in poppe krygen hie, in iter as in ùtfanhûzer. Ùs mem krige es tsien dollar fan de femylje ùt Canada. It hiele doarp wist er fan en libbe mei. Wat in tiid wie dat. Wa kin him dat nò noch foar de geast helje?

"Mem, alles is goed, hear." In telefoantsje ùt Afrika.  

Mobyl, internet, tillevyzje. De wrâld is ien grut doarp wurden. Wat technyk oanbelanget libje wy yn in geweldiche tiid. Ik bin bliid dat ik dat noch mei meitsje mei.

Mar dochs de telefoniste fan dû. It hie wat. Ik mis har somtiden...

Lego

troch Posted on 9 Comments 1 min read 866 views

In lyts jonkje sit op syn knibbels by in tafeltsje in hege toer te bouwen fan Lego. Yntins is hy der mei dwaande. Alles ferjit hy om him hinne.

Wy sitte yn in grotfolle wachtkeamer fan it sikenhûs, Ofdieling Röntgen. Om ùs hinne sitte in soart minsken mei bonkebreuken. De iene hat de linkerearm yn 'e doek en de oare de rjochter earm. In famke dat mei in pynlik gesicht neist my sit, andert op myn fraach: "Ik ha myn kaaibonke brutsen." De frou neist har freget; "Wat is dat?" "Zij heeft haar sleutelbeen gebroken.", seit de heit ferûntskuldichjend; "Sy hat in Hollânske mem, sjoch. Mar ik wol dat sy Frysk praten leart."

Ynstimmend knikke de minsken om him hinne. Ien foar ien wurde de oanwèzigen oproppen. De wachtkeamer rint aerdich leech. Mei daverjend geweld falt de toer om. It jonkje hat al lang wer wat oars sjoen dat him yn de besnijing hâld. 

En mei it omroppen fan ùs namme betink ik my; "Wie it libben maar sa simpel as Lego. Dan koene wy hieltyd wer opnij begjinne..."

Wûnderbaarlikens

troch Posted on 10 Comments 1 min read 1369 views

"Ik kom thus hear en ik nim noch wat minsken mei want dit fenomeen kinne se hjir net." seit de dochter ùt Thailân; "Soarget mem foar de slieperij en iten?"

Myn freondinne en ik sitte tegearre oan de kofje. En kinne er net oer ùt: dy heisa om de Alvestèddetocht . "Wat wie dat eartiids oars." seit se; "Myn broers ha him ek riden mei gewoane dikke klean oan. Lange ûnderbroeken en de Hepkema en de Ljouwerterkrante  foar de teare dielen. En nò ha se ùtbalanseare lichtgewicht pakken oan en dan noch dy klapredens! Ùs houtsjes hingje nò as trofee oan de muorre. "

En sa gean wy noch in skofke troch en fernuvereje ùs oer de tiid fan hjoed de dei. "Mar," sis ik; "Ast it goed beskôgest, dan sitte er ek moaie siden oan. De minsken binne hiel oars as by it foutbaljen. Hjir is noait rotsoai by en ien en al entûsiasme."

Lit ùs dan mar oer de hiele wrâld gean. It is fantastyske reklame foar Fryslân. En der binne wy dochs grutsk op? Mei in Bearenboarchje toaste wy op in tige slagge Alvestèddetocht.

bron foto: NRCnext

Technyske depresje

troch Posted on 6 Comments 2 min read 733 views

"Fynst sto it hjir ek sa kâld?" freegje ik myn man. It is sneontemoarn. In noflike moarn; wy moatte neat.

Mar hjoed is it oars. De ferwaarming docht it net en dat mei 10 graden ûnder nul. Ik wol nei de steuringstsjinst skilje mar de telefoan docht it net. Dea as in wjirm. Wy hawwe juster in telefysje kocht. Kreas ynstalleare troch in monteur fan it bedriuw. Neat op oan te merken. Dat mânske ding hat ùs gâns wat jild koste.

Mar dan. Hy giet wol oan mar gjin byld. En dan slacht by my de panyk ta. Ik kin in soart ha mar mei elektryske dingen dy it ferhippe... dan wurd ik in oar persoan. Ik skilje mei myn mobyle it enerzjybedriuw yn Drachten. It hiele muzykrepertoir wat sy yn 'e hûs ha raast troch myn holle mar gjin reaksje. Dan seit myn man; "As wy no es skilje mei dy telefysjesaak. Miskyn kin dy helpe."

Nei myn ferhaal oanheard te hawwen seit de man rèstich; "De wrâld fergiet net, frou."  Efkes letter sit de monteur oan 'e kofje. Yn koarte tiid docht de telefysje it. Dan sjocht er nei de ferwaarming. Dy is beferzen. Mei in föhn is dat gau wer ferholpen. En yn de telefoan sitte ferkearde batterijen .

Wat binne er dochs aerdiche handiche minsken. Dizze jongeman woe ik wol as skoansoan ha. Mar ja, wy hawwe gjin dochters. Myn technische depresje is oer. Alles docht it wer.

Wost noch in bakje, jonge?

Humoristysk

troch Posted on 4 Comments 1 min read 828 views

"As mem in humoristysk andert jout moat mem in laitsjend kopke der by sette. In smiley." "Hoe doch ik dat en wer kin ik dy smiley fine?" sis ik. "En werom moat dat? Wurden sizze mear as symboalen. As ik fyn dat it humoristysk is dan ha ik der nèt tekens by nedich."

"Mar dat is wat oars. Op internet is it gebrûklik", seit er; "En èk as minsken tsjintwurdich wat grappichs sizze, dan wurd er sein: in grapke, hear!" "Mar," sis ik; "dit is elektroanysk. Wy sjoche mekoar net yn 'e eagen dus moatte wy it mei wurden dwaan."

Ach... eartiids leine wy al dûbbel foar dat de oare ùtpraat wie sûnder symboalen. Mar ik wol graach noch wat leare en him net ôffâlle dus sis ik: "Wer fyn ik dan san laitsjend kopke?" Foar de safolste kear leit hy it ùt wat ik dwaan moat. Wat moat hy in geduld hawwe mei dit minske.

Der giet dochs neat boppe wiere humor yn eigen taal fan mins ta mins sûnder al dy babbelegûchjes? As soe de tiid my ynhelle ha...