Reiskiste

troch Posted on 1 min read 126 views

Mei ik dy reiskiste fan jimme?“, freget ùs soan. Sûnt wy it op ‘e kop tikke ha seurt hy der om. Mar wy hawwe wat mei dy kiste.

By it opromjen fan in âlde pastorije kaam myn man er mei thus. Nei noch al wat beswier fan myn kant waard hy op souder set. En wat wie hy noflik. Alles koe ik der yn: dûnstekkens, holkessens en safuort hinne. En dan noch de histoarje fan dy kiste. Hy is fan fjurrenhout, hat in rûn deksel en is beklaaid mei sekkeguod. Yn de kiste sit âld bûnt behang. Ek sitte d’r koperen kopspikers yn it deksel mei de letters K.B. En it moaie dèr fân is: de eigner ha ik noch kinnen (Klaas Bijlsma). In grutte, yndrukwekkende man, by libben notaris fan Frentsjer en jierren belutsen by it keatsjen.

Ôfrûnne snein wie it wer safier; “Mem, mei ik dy reiskiste?
Wer wolst him del sette?“, freegje ik.
Yn de wenkeamer. Ik ha der al in plakje foar.
Nò,toe dan mar,” sis ik; “as sto dyn nocht hast komt hy wer thus. Nea ferkeapje!”  

En sa nim ik ôfskie fan K. B. It docht my mear dan ik tocht hie…

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
babbelegoegje
Guest

Ja, sa giet dat. Sa ha ik ôfskie naem fan al myn moaie LP’s.
je hingje oan it spul, of net.
Oan de oare kant, kinst mar bliid wêze, dat de bern it ha wolle/moai fine. Wat, as de bern die âld tsjettel, die oer oer pake yn it lân brocht wurde mei thee, it kandelaerke dat oer oer beppe noch brûkte op har keamerke as tsjinsfamke fan 14, doe’t der noch gjin elektrisch wie. Wer ‘t wy noch oan hingje seit de bern neat. Herrineringen gean faaks mar ien of twa generaties mei.

babbelegoegje
Guest

oeps herinneringen moat it wêze fansels.

Appelvrouw
Guest
Appelvrouw

IK begrijp het. Wat een prachtkist! Nu moet je alles wat er in paste weer in zakken achter het knieschot leggen.

Wat een mooie pop!

Appelvrouw
Guest
Appelvrouw

Wat mooi dat je die al die jaren hebt bewaard.

Je zoon pronkt met je opbergkist én de pop en beer?
Wat lief.
De pop lijkt een “prater” of is dat litteken op haar buik nog van haar geboorte?

Appelvrouw
Guest
Appelvrouw

Maar een litteken kan ook een bewijs zijn, en misschien zelfs iets om te koesteren: kijk, dit heb ik doorstaan. En nu ben ik hier.

Previous
275 Breed en 115 Heech

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien