Komplement

Wy hawwe besite en prate oer alles en noch wat. Oer polityk en fansels de ekonomyske tastân. We binne it iens dat it ùs allegearre reitsje sil. Sy wol mei in grientetùn begjinne en hy sil sels oan it ferfjen.

Nò,” sis ik; “ha jimme al achterhûs sjoen? Ik ha de tùnskuttingen ferve.” “Ja, we hawwe it wol es minder sjoen. Jo moatte der oan wenne.“, is it andert. Ik begjin oan my sels te twifeljen. Ha ik it nèt goed dien? Liket it bespotlik? “Dò moast dy nearne fan oanlûke.“, seit myn man; “Dyn eigen dingen dwaan. As sto sels mar tefreden bist.

Ik freegje my ôf: werom kinne minsken gjin komplementsje jaan? As jo it nèt leie meie, dat kin barre, mar dan kin jo dat dochs wat omsile? Jimme dy dit lèze ha der faaks ek wol ris mei te krijen hân. Nije klean as in nij kapsel… neam mar op. Sels bin jo der osa grutsk op. Wat is dat foar fenomeen? Is dat spesifyk Frysk as is it Nederlânsk?

Wat docht in skouderklopke as in komplementsje faaks goed.

Wat hast it gesellich.” sis ik tsjin myn soan. Hy sit midden yn in grutte binde mar hy hat de kofje brùn en de kearsen oan. Ik bin wolkom.

5 Comments on “Komplement

  1. It is fansels ús kalfinistyske opfieding;-)), doch mar gewoan dan dochst al gek genôch… en it is net spesyfiek frysk hjer, it is `gewoan` Nederlânsk en nee ik bin der net bliid mei en besykje sels júst wòl komplimenten te jaan. Yn myn wurk neame wy dat `positieve feedback` haha.

  2. Het is typisch Fries…
    Heb zelf moeten leren complimentjes geven, en meestal moet ik er op letten het te doen: oh, wat bloeien je bloemen mooi, prachtig die nieuwe jurk, terwijl ik hem lelijk vind maar dat zeg ik niet.
    Je hebt een slimme man! Als jij het maar doet, wil hij maar zeggen, dan blijft het werk niet liggen.

    Ik ben zelf altijd wat wantrouwend bij complimentjes: bedoelt ie het spottend, of wil hij dat ik nog meer werk verzet.

    Gezelligheid in de bende is belangrijker dan netheid.

  3. 1 Kommentaar jaan komt it tichste by tink ik.
    2 ik wurkje as helpfeliener mei de âlderein.

    groetnis en noch in noflike 2de peaskede!

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien