Mormoanen

 

Tagelyk as wy ite sille giet de doarbelle. Der steane twa jongfeinten. Kreas yn it swarte pak, wyt oerhimd mei bypassende strik. “Kent U de Mormonen, mevrouw?“, freget my ien fan de jonges. “Wol fan heard mar kenne? Nè.” sis ik. Aerdiche jonges, net optwingerich. Samar ynienen sis ik; “Ha jimme ek sin oan in panne snert?” Se witte net wat it is. “Griene beanensop.” sis ik. “Kom der mar yn.

En sa sitte wy nei it yn ‘e kunde kommen mei elkoar oan tafel. Twa wyld fremde jonges ùt Utah, Amerika. Nei twa dikke pannen snert begjinne se te ferheljen oer hun missy. Wat wit ik nò fan de Mormoanen? Se ferhelje oer hun âlders, bruorren en susters. Oer Utah en oer hun oplieding. Nei in stringe seleksje en drege stùdzje wurde hja ùtstjoerd. Hun aldelju draaie foar de kosten op. Foar twa jier gean se nei it bûtenlân en dan wurde se wer ôfwiksele.

Foar dat wy it troch hawwe fleant de tiid om. Se gean oerein en freegje as sy ek wat dwaan kinne om it miel te beteljen. “Nè, gean mar gau wer by de doaren lâns en fertel oer de Mormonen.” sis ik.

Ik swaai noch efkes de jonges ùt Ùtah nei. De panne mei snert is skjin leech…

2 Comments on “Mormoanen

  1. En die pan was natuurlijk voor pasen bedoelt.
    Nu ja, een goed doel gaat altijd eerst voor.

    Snap jij het verschil tussen al die stromingen?
    De een eet geen varkensvlees de ander geen rund, de ander krijgt 7 maagden in het hiernamaals als hij alle andere religiën uitroeit (waarvan ik dan denk: arme man, zoveel vrouwen kan ie tegen die tijd niet meer aan).

    • Ach, ja het maakt my niets uit wat zij geloven of niet, Respect voor ieder zijn geloofsovertuiging dat hoop ik na te streven.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien