Polityk

Begripe jimme wat fan de polityk? Ik snap er neat fan. It sil wol oan myn yntelliginsje lizze, tink ik.

Ik bin osa polityk engazjeare –fyn ik sels-. As ik sa nei de media sjoch en hear, dan fyn ik guon bewindslju hiel sympathyk. Ik moat ta jaan; ik gean faaks op it uterlik ôf. Nim nò Mark Rutte: aerdich om te sjen en docht it goed yn Brussel. En Geert Wilders mei syn ljochte pruk , hy wit wat hy wol, allinne witte wy nèt wat hy wol. Maxim Verhagen, dy seit my neat. Dy is altyd sa fatsoenlik en kûlant en dan is it oppassen.

Sa kin ik wol in skofke troch gean. Se hawwe allegearre wol wat posityfs as negatyfs. Mar dan moast myn man hearre; “It is in spul fan neat. Se meitsje der yn Den Haag in soartsje fan. It sil wol op ferkiezingen ùtrinne.” seit er. “Nò, dan kinne wy mei in skjinne bledside begjinne.” sis ik.

Ik moat tinke oan de ferkiezings fan eartiids. Wat wie dat doe ienfâldich. Jo stimden op de Anti Revolutionaire Party, de Christelijke Historische Unie as op de Party fan de Arbeid en dan wie der noch de Kommunistyske Party. Wy hiene yn ùs doarp ien kommunist en net ien roomske. Sa hong by ùs thus op it iene finster in A.R.P. biljet en op it oare finster ien fan de P.v.d.A. Ien gjalp is my by bleun: “Ouwe moekes stemmen Joekes!”

Polityk. Ik sil it noait begripe…

5 Comments on “Polityk

  1. Ik bin der slocht op, sels bin ik geregeld dwaande mei efterkeammerke polytiek op mikronivo en ik moat sizze it wurket meastentiid as in tierelier;-))it `spul` yn Den Haag lit ik graach oer oan de famkes en jonkjes dy`t somtiden in wat alte grut ego hawwe…noflike tilefysjejûntsjes mei freonen binne it gefolg.. Ik haw der sin oan! Ha!

    • As jimme sa byelkoar sitte binne jimme it dan iens mei elkoar? Myn man en ik nèt, as de polityk om è hoeke komt dan is it deiles…

  2. Wat een prachtig plaatje heb je gevonden!

    Volgens mij snappen veel mensen er niets van en kiezen ze alleen op het koppie en grote beloftes.
    Ik praat nooit over politiek, ManB wil het graag maar dan zeg ik altijd dat hij zijn vader maar moet bellen.
    En mijn eerste vriend maakte het uit om die reden.

  3. Ek ús jûntsjes rinne wolris út op rûzje, màr foardat we nei hûs gean nimme wy der in slokje op en sizze dan tsjin mekoar `it is mar polytiek` haha. Hoe dan ek, ik fyn it bylangryk hoe`t ús polytiek bestel wurket en de emoasjes dy`t dêr by hearre is in spultsje wêrt ik, figuerlik, de fingers by ôfslikje;-))).

    Jimme sterkte de kommende tiid!

  4. Pingback: It lân fan Oppergod Zeus « Tiden hawwe Tiden

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien