Gearkomste

Nei dat wy troch de gasthear fan kofje en thee fersjoen binne nimt de foarsitster it wurd. Se hjit ùs wolkom. En om dat myn maat en ik nij binne komt er earst in rûntsje. Om barren moatte wy ùs foarstelle. “Wa bisto? Wat dochsto? Wat is dyn achtergrûn?” Ik sit yn it fermidden. Mei eangstige eagen [Lês mear »]

Jiskeskilder

“Soe sto in skilderij mei myn jiske meitsje litte as ik kremeare bin?” freget myn man. Wy sitte nei Need op Freed te sjen fan Omrop Fryslân. Der is in ynterview mei in keunstskilder dy de jiske fan in minske troch syn ferve mingt. Hy ferteld dat hy al ferskate portretten makke hat op fersiik [Lês mear »]

Naìvens

“By welke profider binne jimme?” freget de jonge man. Myn man is by de doar en noeget hin yn ‘e hûs. Der stiet in aardiche jonge foar my. Hy jout in fertroud gefoel. “Hjir is myn frou,” seit myn man; “sy giet oer dit soart saken.” Foar dat ik wat under nimme kin sit hy [Lês mear »]

Nivellearje

Midden yn de nacht wurd ik troch wiet wekker fan it swit. De baas fan it taksyferfier stiet by myn bed. Neist him stiet de hierbaas fan Accolade. Ik  gean oerein en sjoch in frou fan de WMO der achter stean. Tusken it ploechje minsken stiet ek noch de loko-boargemaster. Se roppe allegearre yn koar; “Wy [Lês mear »]

Utnoeging

De telefoan giet. It frommeske freget as ik in jûn fersoargje wol foar in groepke minsken. “Wèr mei?” freegje ik. “Ik lês jo ferhaaltsjes en nò tocht ik; dat is wat foar ùs.“ “Der moat ik oer nei tinke.” sis ik. “Ik lit wol wer fan my hearre.” seit se. Ik polskje myn soan. “Sil [Lês mear »]

Fergonklikens

“Past it dy dat ik efkes lâns kom?” freget se. Even letter komt se mei in grutte swiere tas oansetten. “Ik ha dyn stipe nedich.” seit se emosjoneel en leget de pûde op ‘e tafel. Foar myn ferbjustere eagen leit se in bulte gouden sieraden del. Ik sis laitsjend; “Wat nò? Is it al sa fier [Lês mear »]

Amtner

“Hoe vaak maakt u gebruik van het taxivervoer?” freget de amtner. Ik sit tsjin oer in frommeske dy `t fan har baan har libbenswurk makke hat. It giet oer it lokaal en taxiferfier yn ùs wenplak. De gemeente moat besunigje en pakt it ferfier drastysk oan. In skoft allyn ha wy listen thùs krige mei fragen [Lês mear »]

Rouwe

Ik sjoch hun yn de wachtkeamer sitten fan it sikehûs. Sy en har man. Okkerdeis is syn broer ynienen stoarn en dat wie ùs bèste freon. Ik gean der op ôf en freegje hoe as it mei hun giet. In yslike stiltme komt my temjitte. Ik gean efkes sitten, wy moatte dochs wachtsje op ùs [Lês mear »]

Ùtsjoent

“Ik wol wat nijs ha.” sis ik tsjin myn man. “Alwer?” seit er. Dy man hat gjin idee wat in frou nedich hat tink ik wol ris. Ik stean foar myn kleankast en bin ùtsjoent op wat ik der lizzen sjoch. Trije plastik sekken lizze op bed. Ien fan It Leger,  ien fan De Lege [Lês mear »]

Fiif Bokkings

“Wer kin ik jo mei helpe?” freget de fiskboer. “Twa lekkerbekjes mei krûden.” sis ik. De fiskkream stiet grot fol. Ik gean er mar by sitten, dit sil wol lang duorje. Tusken de klanten stiet in ôfgriislik dik frommeske. Noch frij jong, ik rûzje har yn âldens fan tweintich. Se is klaaid op de kilo`s. Se hat [Lês mear »]

>