Rouwe

Ik sjoch hun yn de wachtkeamer sitten fan it sikehûs. Sy en har man. Okkerdeis is syn broer ynienen stoarn en dat wie ùs bèste freon.

Ik gean der op ôf en freegje hoe as it mei hun giet. In yslike stiltme komt my temjitte. Ik gean efkes sitten, wy moatte dochs wachtsje op ùs beurt. Dan barst sy los.

Wy binne noch nèt oan rouwen ta kaam.” seit se gremitich. “Hoe sa nèt?” sis ik; “It is dochs al in skoft allyn.

“Wy binne ûnterve en hawwe neat krigen. Alles is nei in goed doel gong.” seit se mei in tichte knypte mûle.

Nò, dat is dochs moai.” sis ik.

Ja, mar we hiene al wat ùt syn hûs helle. De dochter hat de antyke kast krige. Mar alles moast fan de notaris wêrom yn it hûs. Wy meie allinne syn auto ferkeapje en foar de grêfstien soargje en krije der gjin sint foar. Myn man en ik hawwe sein; dat docht it goeie doel dan ek mar…” 

Ùs namme wurd roppen. Wat soe ùs freon him fernuvere ha as hy dit petear heart hie.

En ik? Ik mis syn droege humor, syn swijen en syn harkjent ear. Is dat rouwe?

Diele mei:

One Comment on “Rouwe

  1. Ik denk altijd dat iemand missen niet rouwen om de overledene is. Het lijkt dan alleen te gaan om wat de nabestaanden missen, niet dat de overledene niet meer mee kan doen.Maar ik probeer ook maar te bevatten wat rouwen nu precies is.

    Het lijkt me vreselijk moeilijk als je na overlijden van je naaste te horen krijgt onterft te zijn en niets meer krijgt maar wel mag betalen, dat ben je trouwens niet verplicht, maar de ommekeer in denken is wel erg groot. Kan me voorstellen dat je dan niet aan rouwen toekomt, je wordt door elkaar geslingerd.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien