Utnoeging

De telefoan giet. It frommeske freget as ik in jûn fersoargje wol foar in groepke minsken.

Wèr mei?” freegje ik.

Ik lês jo ferhaaltsjes en nò tocht ik; dat is wat foar ùs.

Der moat ik oer nei tinke.” sis ik.

Ik lit wol wer fan my hearre.” seit se.

Ik polskje myn soan. “Sil ik dat oannimme as hoe pak ik dat dan oan?

Mem moat earst in koarte ynlieding hâlde. Wèrom mem mei de webside begong is.

Nè,” sis ik; “der bin ik noait goed yn west; prate ùt de losse hân.

Ja mar,” giet hy fierder; “der binne èk noch minsken dy nèt witte wat in webside is. En dan ùtsykje welke der foar geskikt binne.

Och hearkes,” tink ik; “wat ha ik oanhelle? Foardrage, dat kin ik wol. Dat die ik as bern al. Mar lêze ùt eigen wurk? Dat giet my te fier.

Mar it is in utdaging fansels. Ik bin altiid yn foar wat nijs. It levert faaks èk wer in stikje op. Wa wit? Ik nim my foar der in fleuriche jûn fan te meitsjen. Wèr es wat oars as alle dagen dat trystiche praat oer ekonomy en polityk.

“Ik doch it hear.” sis ik; “Jimme kinne op my rekkenje…”

Diele mei:

One Comment on “Utnoeging

  1. Memmeminske, altyd dwaan!!
    Gewoan as dysels der yn batse;-))).
    Litst wol eefkes witte hoe as it gien is?
    Miskien noegje ik dy ek noch wolris üt foar in noflike praatjûn;-)))!!
    As it net te djoer wurdt fansels…besúnige is in wurd dat ik net mear hearre kin… 

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien