Amtner

troch Posted on 3 Comments 2 min read 225 views

Hoe vaak maakt u gebruik van het taxivervoer?” freget de amtner.

Ik sit tsjin oer in frommeske dy `t fan har baan har libbenswurk makke hat. It giet oer it lokaal en taxiferfier yn ùs wenplak. De gemeente moat besunigje en pakt it ferfier drastysk oan.

In skoft allyn ha wy listen thùs krige mei fragen wer `t in deskundige by komme moast. It giet oer ynkommens oandielen, sparrekkeningen en folle mear. In soan woe my helpe mar koe er ek nèt ùtkomme. “Mem moat nei de accountant gean.” seit er.

Ùteinlik  mei in protte kopbrekkens krige ik it klear. In wike as wat letter komme der wêr fragelisten. “Se hawwe dochs alles?” sis ik kidelich. Se witte njonkelytsen mear fan ùs as wy sels.

En sa sit ik mei de bankôfskriften tsjin oer de amtner. Se begjint my it himd fan it gat te freegjen. “Waar gebruikt u beiden de taxi voor?” Ik begjin op te somjen: “Nei de toskedokter, it sikehûs en de hûsdokter.” “En gebruikt u de taxi ook voor de kerk? En hoe vaak gaat u naar de kerk?” “En jo? sis ik; “Hoe faak geane jo?

Se is fan `t stik en hâld efkes op. “Hoe vaak gaat u boodschappen doen? Door het hele jaar genomen?” giet se fierder. “Dat wit ik nèt.” sis ik; “As de breatromp leech is helje ik wer nije.

Se begjint op myn senuwen te wurkjen. Se hâld op. Se kin neat mei dit minske. “Ik bel u wel. seit se; “Als wy nog iets moeten weten?” “Dat liket my fremd ta.” sis ik.

“O, ja. Heeft u ook een begrafenisverzekering?” ropt se my noch nei. “,” sis ik; “as it safier is ha ik oar ferfier nedich …”

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Us memmeminske is wol een bytsje obstinaat, is ‘t net? Kin net, hear. Sa’n frommes docht ik mar har wurk.

;-D 

memmeminske
Guest

Ja, wis sy is in hele goeie foar dit soart wurk.

Elske
Guest
Elske

Jo moatte ek sa’n ferhaal hâlde dat se der simpel fan wurdt.

Previous
Rouwe

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien