Naìvens

By welke profider binne jimme?” freget de jonge man.

Myn man is by de doar en noeget hin yn ‘e hûs. Der stiet in aardiche jonge foar my. Hy jout in fertroud gefoel.

Hjir is myn frou,” seit myn man; “sy giet oer dit soart saken.” Foar dat ik wat under nimme kin sit hy al by de grutte tafel. Al gau binne wy yn petear oer stroomleveransiers.

Wat betelje jimme yn ‘e moanne foar it hele pakket?” freget er. Op myn anderd seit hy; “Dat is fierstente folle. As sjimme oerswitse nei my dan besparje jimme wol in pear hûnderd euro`s.

Wy wurde  entûsjast en beslute oer te stappen. Nei dat wy ôffûske ha giet hy fuort. “Ha wy hjir goed oan dien?” freegje ik myn man. Ik bin ien fan as it goed foldocht werom dan feroarje. “Mar it skeelt ùs in protte jild” seit er.  

De oare deis belje ik mei de soan en freegje as wy hjir goed oan dien ha. “Dit hat luzen.” seit er; “Ik sil der achter oan.”

Ja hear; wy by binne te naief west. De jonge is nearne bekend en de leveransier fan ùs hat noch noait fan hin heart. “Wat binne wy olferts west,” sis ik tsjin myn man; “om der sa yn te rinnen.”

Jûns as it tsjuster is, nèt mear iepen dwaan.”  seit de soan; “Se hawwe it op âlde minsken fersjoen. Jimme binne in maklike proai.”

Ik skamje my djip dat ik sa naief wêze koe. Dat hie ik nèt achter my sels socht.

Diele mei:

One Comment on “Naìvens

  1. Gjin panyk. it wiene gjin kriminelen. Wol sljuchte sakenlju. Mar die binne hast krekt sa fout.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien