Ùtsjoent

Ik wol wat nijs ha.” sis ik tsjin myn man.

Alwer?” seit er.

Dy man hat gjin idee wat in frou nedich hat tink ik wol ris. Ik stean foar myn kleankast en bin ùtsjoent op wat ik der lizzen sjoch. Trije plastik sekken lizze op bed. Ien fan It Leger,  ien fan De Lege Knip en ien fan  in unbestimde organisaasje. It Leger hat myn foarkar. Dus dy sek is al aardich fol. De Lege Knip ha ik wat mear muoite mei.

Wêrom?” sille jimme freegje.

Okkerdeis rûn ik troch de winkel en seach ik in frommeske stean dy my o sa bekind foar kwam. Ik der op ôf en sloech har joviaal op it skouder. Se draaide har om mar it hiele minske koe ik net. Ik hie har sels noch noait sjoen. Mar wat wie it gefâl? Se hie myn klean oan. Dus dy sek bliuwt ek leech en de oare sek set ik moandei wol by de dyk.

Jûns ha ik him by de dyk weihelle. Dy organisaasje fûn it nèt de muoite wurdich.

Ik bin der ùt; ik moat in strakke legging ha mei in koart jaske en noch koarter rokje en learskes mei nullehakken. Wat tinkt jimme? Soe dat wat wêze?

2 Comments on “Ùtsjoent

  1. Wêrom moait no by de lêste rigel tinke oan Swarte Pyt?
     
     

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien