Jiskeskilder

troch Posted on 0 Comments 1 min read 219 views

Soe sto in skilderij mei myn jiske meitsje litte as ik kremeare bin?” freget myn man.

Wy sitte nei Need op Freed te sjen fan Omrop Fryslân. Der is in ynterview mei in keunstskilder dy de jiske fan in minske troch syn ferve mingt. Hy ferteld dat hy al ferskate portretten makke hat op fersiik fan neibesteanden.  

“Soe sto dat wolle?” freegje ik him

Nè,” seit er; “ùt noch yn nèt.”

En wêrom nèt?” sis ik.

,” giet er fjirder; “sis no sels. As it no in fremd skilderij wurd?”

“As wy der no fan ùt geane dat it moai is? Dat kin ek?” sis ik.

“En ik wol letter ek nèt troch it neiteam by Kunst & Kitsch telânne komme. Mar ek nèt op de rommelmerke fan ùs tsjerke, fansels.”

“Do krigest in moai plakje yn de keamer wer`t it ljocht fan de goeie kant komt.” sis ik.

 “Ik wol ek nèt yn in keatling om dyn hals hingje.” giet hy unfersteuber fjirder.

Jonge,” sis ik delbêdzjend; “it komt allegearre goed. Sit mar nearne oer yn.

Piet van der Hem en Jelle Troelstra kinne hingjen bliuwe.

[fjirder spjille nei de 17.00 minuten]

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
Naìvens

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien