Fergonklikens

Past it dy dat ik efkes lâns kom?” freget se.

Even letter komt se mei in grutte swiere tas oansetten. “Ik ha dyn stipe nedich.” seit se emosjoneel en leget de pûde op ‘e tafel. Foar myn ferbjustere eagen leit se in bulte gouden sieraden del.

Ik sis laitsjend; “Wat nò? Is it al sa fier mei dy kaam?” Se is fan goeie komôf. Dochter fan in rike boer.

Nei dat we in bakje kofje hân ha begjint se te fertellen. “Ik ha dit spul fan myn beppe en myn mem erft. It doel wie om dit oan myn dochter nei te litten. Mar neet brekt wet. Ik moat it ferkeapje. Geert hat dien krigen en ik ha ek gjin wurk mear. En nò binne wy safier dat ik it goud ferkeapje moat.”

Mei grutte eagen sjoch ik nei in gouden earizer, earmbânnen mei bypassende ringen. Generaasjes ha der mei pronke. As bern seach ik dit dizze minsken foaroan yn hun eigen tsjerkebanken sitten. Behongen mei goud. Wy sieten achter yn. Ùs mem hie ien sulveren dasspjelde dy sy fan myn heit krige hie. Oant har dea ta hat sy dy droegen.

Ik ha mei myn freondinne te dwaan. Los litte wat osa wichtich wie docht altiid sear. Ik hoopje foar har en har man op bettere tiden. 

Status en statussymboalen. Och, wat betsjut it eigentlik? 

Alles is betreklik. Alles is fergonklik.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien