Minsken
Emoasjes 2
As ik de griene container by de dyk set hear ik myn namme roppen. En ek noch wol by myn foarnamme wat altiid ‘Buorfrou!‘ is. Mar it klinkt sa bliidhertich dat ik stean bliuw . In buorjonge komt tige optein my temjitte. Syn freondinne is yn ferwachting en fan it ôf it iere begjin wurde wy … Read more
Emoasjes 1
“Wèr sjochst nei?” freegje ik myn man. Hy sit nei in programma te sjen wer`t hy emosjoneel fan wurd. Mei in grutte bûsdoek faget hy stikem oer syn gesicht en hoastjet oerdreaun. Ik mei foarâl nèt sjen dat hy oandien is. “Frjemd.” tink ik by my sels. Dat ùs generaasje der san muoite mei hat. … Read more
Foarljochting
“Ik krij in broerke!” ropt de lytse strobbe fan amper twa jier. Syn mem sjocht my bliid oan. “Ja,” seit se; “ik ha it him saniis ferteld. We hawwe in scan meitsje litten en hy mocht mei. Sa kin hy er fan begjin ôf oan by wêze en oan it idè wenne …“ “Is dat … Read more
Boeddhabylden en Tibetanen
Twa hûnen mei ôfgryslik lang hier skeuke tsjin my oan. It binne Lhasa-Apso hûnen. Hja komme ùt Tibet ha se my sein. Foar it gemak nim ik de iene mar Stopjern en de oare Sokkejern. Sy moasten nei in begraffenis en krekt om dy tiid soe in monteur komme. En sa fregen se my om efkes te hûswarjen. Ik … Read more
Dieredei
It sil jimme net ontgong wêze dat it juster Dieredei wie. Troch de media is er in soart oandacht oan bestege. Ôfgryselike bylden krigen wy fan de Dierenbescherming te sjen. Ferwaarloosde en mishândelde bisten. Ik wit net hoe as it jimme fergiet mar ik kin it net oan sjen. Salang as wy trouwd binne ha wy bisten … Read more
Yngenieur
“Heeft u een overall voor mij?“ Der stiet in kreas ùtsjent jongfeint foar my. Er is wat oan dizze jonge wat myn oandacht lûkt. Hy praat keurich ABN. Wylts ik him help besiikje ik temûk te witten te kommen wêrom hy in overall nedich hat. Jo soene earder sizze, hy moat in sjiek pak ha … Read more
Stazjêre
“Neem me niet kwalijk…” seit se. We sitte by de hûsdokter mar it is nèt ùs dokter. “Ik ben de vervanger. Uw eigen arts is verhinderd.“ In aerdich jong frommeske komt ùs temjitte. Myn man hat noch altiid lèst fan syn hûdùtslach. We binne al seis moanne oan it dokterjen. Somtiden is hy gek ferlegen fan … Read more
Bijke de Stabij
“Smakket it wat?” freget ùs mem oan Bijke. Hy slikket him om de bek as hie hy noch noait sa lekker iten. Seis kear yn de wike wurd har it iten brocht. Yn ùs doarp ha se Tafeltje-dek-je. It is in hiele organisaasje mei in protte frijwilligers. Minsken dy allinnich wenje -jong as âld- komme … Read more