Tiden hawwe tiden

Ùt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; “Wat soe dat betsjutte… ‘ùt neat ûntstien?’” Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske. “Us [Lês mear »]

Freonskip

“Kinst my helpe?” seit er wanhopich tsjin myn man. Wy sitte oan it middeismiel. Hy is op de bank delsige en is syn rie ten ein. Hy hat in bedriuw yn boere-ark. Myn man en hy binne beide ûndernimmers en derby goeie freonen. Se beprate in protte tegearre en bertrouwe mekoar. Se witte fan mekoar [Lês mear »]

Swier waar

Myn buorman en ik sitte ûnder in golfplaten ôfdak. Myn man is yn `e hûs gien; it gong him te rûch. De hûn is nei boppen flein en hat in plakje ûnder in dûnstekken socht. Wy sitte bûten en binne oan it filosefierjen. De tonger boldert om ùs hinne en it rioel kin it net [Lês mear »]

De beamgrins

‘Wat wenje jim hjir moai.“, sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde. Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar. Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht [Lês mear »]

Hoe fier giet myn Frysk ?

“Kom  fierder.” sis ik tsjin de man dy `t by de doar stiet. It is de elektrisien; hy komt foar in pear stikkene stopkontakten. Okkerdeis  ha ik de hierbaas troch in  e-mail witte litten as sy dat reparearje koene. “Ik kon uw mail niet lezen dus ik weet niet waar het over gaat.” seit er. [Lês mear »]

Hingâlderen

Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. “Wat nò?” freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten. Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. “Dat dogge wy [Lês mear »]

Mistrouwen

Alle dagen hear ik myn buorman mei syn bosk kaaien ratteljen. Moat hy foar hûs gers meane dan komme de doaren op slot. “Wêrom dochst dat? ” freegje ik him. “Jo kinne hjoed-de-dei nimmen mear fertrouwe.” seit er. “Komst om in bakje kofje!” rop ik dan en steefest komt alles op slot. Ùs soan warskôge;“Nim gjin bûtenlânske klusjemannen [Lês mear »]

Te keap

Oeral om ùs hinne steane buorden yn de tùn: ‘Te Koop’ (as by Friezen dy hun net ferbrekke wolle; ‘Te Keap’). As ik mei de hûn de buorren yn gean stiet hast yn elke tùn in boerd. It komt my foar dat elkenien genoch hat fan syn omjouwing. Se hawwe lang wachtsje moatten want se koene [Lês mear »]

Oerstreame

“Wer sille jimme hinne?” freegje ik de buorman. “Wy gean nei Italië mei de caravan.” seit er. In oare buorman giet mei de hiele húshâlding nei Frankryk. In buorfamke fierderop giet nei Eastenryk. Al wiken komt de iene nei de oare caravan it parkearterrein opriden. Stik foar stik wurde se neisjoen en test op bannen [Lês mear »]

>