Freonskip

Naamloos-1Kinst my helpe?” seit er wanhopich tsjin myn man.

Wy sitte oan it middeismiel. Hy is op de bank delsige en is syn rie ten ein. Hy hat in bedriuw yn boere-ark. Myn man en hy binne beide ûndernimmers en derby goeie freonen.

Se beprate in protte tegearre en bertrouwe mekoar. Se witte fan mekoar wat wy ek sizze it bliuwt under ùs.

“Ik kin myn wurknimmers de leanen en it fakânsjejild net mear ùtbetelje.” seit er fertrietlik. “Ik sil sjen.” seit myn man en hat mei him te dwaan.

Sa sein sa dien; de freon kin wer fierder mei syn saken. Nei in skofke moat myn man noch es byspringe.

De freon kriget nei ferrin fan tiid in nije baan as direkteur fan in bûtenlânskbedriuw en ferhuzet. Hy docht it goed dêr ha wy fernommen. Mar de freonskip wie oer; wy hawwe nea wer fan him heard.

“Hast er ek spyt fan dast him do holpen hast?” freegje ik myn man. “Nè,” seit er; “ik soe it sa wer dwaan mar wol mei oare kondysjes.”

Syn betrouwen yn de minske hat in flinke knau krige. Hy is hoedener wurden.

Freonskip. Betsjut op inoar oankinne.

LÊS EK:  Ynklauwers
  • Sa fier as myn eachweid rikke kin
    sjoch ik dat ‘k nea ferjitten bin
    En oan wa’t my aanst ferliest, wol’k ien ding noch wol kwyt
    Jim hâlde altyd wat Lok by jim
    yn jim leafde en jim striid

    En aansen bin ik âld en wiis
    Kin de hjerst my goed fermeitsje
    want de stoarm sil my net reitsje
    En wa’t aanst, op in diiz’ge dei
    Dy ris freget: ‘hiesto freonen?’
    ûnthâld dan goed, do wiest in freon fan my
    As myn eagen dôvje yn it griis
    dan bin ik âld en wiis

    Ut Ald en wiis, in bewurking fan Alan Parsons – Old and Wise.
    Gurbe Douwstra makke de muzyk en song it by it ôfskie fan Eelke Lok, Bart Kingma hat de tekstoersetting makke.

  • Het is als mijn moeder pleegt te zeggen, ‘sommige mensen hebben een geweten als een vergiet’, we leren allemaal en elke dag dingen die we misschien niet voor mogelijk hebben gehouden.
    Yn geef Frysk, ‘what doesn’t kill you makes you stronger!’

  • >