Swier waar

testMyn buorman en ik sitte ûnder in golfplaten ôfdak. Myn man is yn `e hûs gien; it gong him te rûch. De hûn is nei boppen flein en hat in plakje ûnder in dûnstekken socht.

Wy sitte bûten en binne oan it filosefierjen. De tonger boldert om ùs hinne en it rioel kin it net oan. It wetter kin gjin kant ùt.

Al gau moatte wy de fuotten omheech hawwe om droech te bliuwen.

Wolst ek yn `e hûs?” freegje ik him. “Nè hear.” seit er; “Ik hâld fan natûrgeweld.

En dan begjint hy te fertellen oer eartiids. Under het bolderjen fan de tonger ferteld hy oer syn jeugd. Sa no en dan knik ik efkes mar hear neat fan wat hy seit.

Stadich oan komt it wetter heger en heger, de wyn lûkt oan. Ik doar er net tusken te kommen. Hy ferhellet hoe syn heit en mem dy hurde wurkers wiene mar gjin tiid foar him hiene.

Hoe hy as it middelste fan fjouwer bern der ùt pike en noait nei skoalle gien is. En sa hat hy nea lêzen en skriuwen leard. “In analfabeet bin ik.” seit er.

De wyn hat him deljûn. It is stil om ùs hinne wurden. Wat falt er noch te sizzen?

Swier waar. It hat earne goed foarwest.rain

Diele mei:

2 Comments on “Swier waar

  1. Zwijgen kan een enorme verbondenheid geven.
    Hadden jullie wel een dikke jas aan? Zo naar het plaatje kijkend krijg ik het koud.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien