Mistrouwen

key_lock-animatedAlle dagen hear ik myn buorman mei syn bosk kaaien ratteljen. Moat hy foar hûs gers meane dan komme de doaren op slot.

Wêrom dochst dat? ” freegje ik him. “Jo kinne hjoed-de-dei nimmen mear fertrouwe.” seit er.

Komst om in bakje kofje!” rop ik dan en steefest komt alles op slot.

Ùs soan warskôge;“Nim gjin bûtenlânske klusjemannen oan. Dat binne oplichters.

Mistrouwich bin ik wurden. En dat is tsjin myn aard: ik bin opgroeid yn in betroude omjouwing . “Foar eltsenien klear stean dy dyn help nedich hat.” sei ùs heit dan.

Sels as ien krap siet dan skode hy him temûk wat ta. “Jou mar wêrom ast it wer misse kinste. Sa is hy ek wolris op `e kofje kaam mar der waard nea wer oerpraat.

Jûns gong de doar faaks net iens op `e klink. “D’r is by ùs dochs neat te heljen.” sei er dan. De tiden binne yngreven feroare.

Mistrouwen… der ferset ik my tsjin yn al myn ieren en sinen. Just nò yn dizze hurd feroarjende maatskippij wer`t Noarms en Weerden ferblikke en ûndùdlik wurde,

De buorman giet foarby. Ik hear him al ùt de fierte oankommen …

Diele mei:

2 Comments on “Mistrouwen

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Mistrouwen | ensafh

  2. Bij gaan ook alle deuren op slot, en mijn fiets staat zelfs aan de ketting in de schuur.
    Ik moet me juist aanzetten tot vertrouwen.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien