Hingâlderen

Naamloos-1Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. “Wat nò?” freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten.

Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. “Dat dogge wy wol efkes, frou!” En foar dat ik it troch ha stiet myn skoeter oan `e kant fan `e dyk.

Der sitte in klofke manlju by elkoar elk op in skoetmobyl.

Ek in kop kofje, frou? ropt er ien en al gau wurd er romte makke.

Komme jimme hjir elke moarn?” freegje ik.

“Ja fansels.” klinkt it  ùt ien mûle; “Wy binne de ‘Hingâlderen’. Wy hawwe allegearre in skoetmobyl en sa ha wy in club oprjochte. Wolle jo er ek by? Der hat him noch gjin ien frouspersoan oanmeld en dat soene wy graach wolle.

Foar dat ik it yn `e smizen ha sit ik yn`t bestjûr. “Hoefolle is de kontribùsje en ha wy ek in reiske sa no en dan? Ik bedoel mei al dy skoetmobyls moatte wy dan ek in eskorte hawwe?” Al gau bin ik oan it organisearren en de datum wurd fêst steld.

De frou fan in grut warenhûs komt mei kofje. “Liket it jo wat om lit te wurden?” freegje ik har; “Dan binne we teminste tegearre as froulju.

Nè hear,” seit se; “ik bin noch net âld en ik ha ek net in skoetmobyl.”

Ik wurd wekker. Spitich… ik hie graach lid wurde wollen fan de club fan ‘Hingâlderen‘.

Diele mei:

One Comment on “Hingâlderen

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien