Oerstreame

troch Posted on 0 Comments 1 min read 424 views

caravan"Wer sille jimme hinne?" freegje ik de buorman. "Wy gean nei Italië mei de caravan." seit er. In oare buorman giet mei de hiele húshâlding nei Frankryk. In buorfamke fierderop giet nei Eastenryk.

Al wiken komt de iene nei de oare caravan it parkearterrein opriden. Stik foar stik wurde se neisjoen en test op bannen ensafuorthinne.

Nijsgjirrich folgje ik de hannelingen fan de minsken om my hinne. En dan op de lêste dei moat er ynslein wurde. Folle kratsjes bier en frisdrinken wurde er ynladen. En net te ferjitten de ierappels want dy binne nearne sa goed as by ùs.

Sa stean ik ier en betiid ùt te wiuwen, nim ôfskied en winskje hja in moaie fakânsje ta.

"Wat nò;" betink ik my, "oerstreame troch flechtlingen?"

Ùs parkearterrein is leech en gjin kop te sjen. Ek wy oerstreame fiere frjemde oarden flechtlingen dy sêd binne fan hun eigen lúkse omjouwing.

Mar wa binne hjoed-de-dei de wiere flechtlingen?

parkeer

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Previous
Ferrekte sear

0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x