Dy rêdt it wol

“Dy rêdt it wol.” sei de hûsdokter. Ùs mem moast wiken op bêd lizze do se it fjirde bern ferwachte. Se hie it oan de nieren en wat do wenstich wie, moast se de tiid troch rest ùtlizze. Sa bin ik op de wrâld kaam, fierste betiid. Ik woech noch gjin trije poend. Om de oare [Lês mear »]

Begryp en respekt

De  soan hat west en omdat hy om utens wennet is it altyd in pear dagen. Dan prate wy by, dat is better dan maile as skiljen. Fan alles komt er dan op it plusentafelkleed. Polityk en leauwen binne favorite underwurpen. En omdat wy fan aard it selde binne hawwe wol es in oanfarring. Wy kinne [Lês mear »]

Wist noch wol?

“Wat hasto dochs mei it doarp?” seit myn suster. Se hat nea wat hân mei ùs doarp wert wy berne en opwaakse binne. Ik wol. Fan jongs ôf oan wie it myn doarp. De minsken wert ik allinnich de foarnamme fan koe mar net de efternamme. Hun aardichheden en onaardichheden  dy wist elken ien. Der wie in [Lês mear »]

Hannen

Hy sit tsjin oer my, syn hân om de knop fan de stok. De trouring om de oare finger want dy is te rom wurden. Ik sit foar him oer en ynienen falle myn eagen op syn hannen. Under it petear dat wy hawwe, ferteld hy wiidweidich wat him eartiids oerkaam is. Ik kin dy [Lês mear »]

>