Seltsredsumens


“Jimme kinne gjin help fan de gemeente krije.” seit de jonge man. We hawwe besite fan de Meitinker.

In aardige jonge man, neat mis mei. Nei in pear besiten komt hy mei in einbeslùt.

“Jimme hawwe tefolle ynkommen en dertroch falle jimme bûten de boat.” en docht de learen tas ticht. “As jimme gjin sparrekken hân hiene dan wie it goed kart.”

“Wer leit de grins?” freegje ik him.

Jimme hawwe fiifentweintich euro te folle ynkommen yn ‘e moanne om yn oanmerking te kommen foar help.” seit er freonlik.

“Kom mar yn myn garage.” seit de iene soan. “Dy sille wy foar bewenning rè meitsje en kinne jimme moai op ùs bisten passe.”

De oare soan seit; “Ik bin er dochs noait. Jimme meie yn myn flat wenje, dan ik sil him bewenber meitsje en kinne jimme moai achter de dôven oan.”   

Dweil trochwiet wurd ik wekker.

‘Gjin garage. Gjin flat. We bliuwe wert wy binne en sille ûs sa folle mooglik sels rêde’, nim ik my foar. Wat er ek barre mei.

De Meitinker giet mar nei minsken dy it nediger hawwe dan wy. Seltsredsumens …

LÊS EK:  Twa Bar
  • In groep minsken kin ek seltsredsumens wêze neffens my. Mei-inoar saken oanpakke en klear krije.
    Sels stjoere en wa binne jo op tiid bystoerders? 😉

  • >