Dy rêdt it wol

“Dy rêdt it wol.” sei de hûsdokter. Ùs mem moast wiken op bêd lizze do se it fjirde bern ferwachte.

Se hie it oan de nieren en wat do wenstich wie, moast se de tiid troch rest ùtlizze. Sa bin ik op de wrâld kaam, fierste betiid. Ik woech noch gjin trije poend. Om de oare dei kaam de hûsdokter lâns, hy siet tige oer ùs mem yn.

Baakster Sytske hâld de poppe wol yn `e gaten mar dochs wie it fremd fûn sy ek.

Mar ja. “It wie in goeie dokter.” sei ùs mem.

Doch hiene se beide soargen; it bern waakse net genoch. Op in dei kaam hy wer lâns. “Frou de Ruter,” sei er; “kom mar fan bed ôf, it kin no wol wer.”

“Dokter,” sei ùs mem skruten; “soene jo net es by de poppe sjen wolle?”

In bytsje unwis stutele hy nei it widske want it wie net de goeie tiid fan ‘e dei foar in besite.  

“No dy komt er wol.” sei er; “Se hat sokke moaie blauwe eagen!”

Dat is nò hjoed op `e kop ôf trijentachtich jier allyn.

Noch wol mei mooie blauwe eagen mar dan fan de staar.

Dy rêdt it wol…

5 Comments on “Dy rêdt it wol

  1. Noch mar in kear; lokwinske! En noch minstens tweintich jier d’r bij! Minstens, he? Dat meie ek wol mear weze 😉

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Dy rêdt it wol | ensafh

    • Wat prachtige foto`s en tankje wol foar de felisitaasjes. Myn kredo is tel dyn segeningen….

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien