NL-ALERT

naamloos-1“Is er wat?” freget de soan. “Né. Hoe sa?” sis ik.

Mem hat my krekt skille.”

“Der wit ik neat fan. Bist der wol wis fan?”  

In hoartsje letter skillet de oare soan. “Is er wat? Ik wie ungerêst! Mem skillet my noait as ik yn Dùtslân bin.”  Yn alle toanaarden ûntken ik.

It sit sa, ik ha in nije telefoan krige.

Myn abonnemint rûn ôf en sa moast ik wat oars hawwe. “Dan mar it nijste wat er is.” sei de soan.

En sa kaam er in telefoan sa grut as in tsiis planke.

Alles kin jo der skynber mei dwaan ùtsein kofje sette. Omrin, Burgernet, it Waar... ensafuort-hinne. Hja hâlde my fan minùt ta minùt op `e hichte.

Ek banksaken kin ik der op regelje. Ik betrape my er op dat ik gauris seach hoe it er mei de sinteraasje foar stie. Om `e klapskeet begjint it ding  him te melden. Ik bin ynienen belangryk wurden.

“Hier NL-Alert, kan ik U van dienst zijn?” seit in freonlike stim. Senuweftich ekskusearje ik my.

Soe ik it wol ea ynt snotsje krije?

LÊS EK:  Besikersoere
  • Wokke stekt ús nei de kroan
    Mei har nije tillefoan
    Net te stuitsjen dat gepraat
    En ek noch op it húske paraat
    In grutte W letter sit der net yn dit jier
    It wurdt de U fan útdwaan, echt wier

  • >