De Famylje

Kin dat wol?

troch Posted on 1 Comment 0 min read 993 views
bah"Kin dat wol?" sis ik tsjin myn soan.

Sa as in hiele soart minsken sitte wy beide op Facebook. En sa kom ik him wol gauris tsjin en tink dan; 'Dat hiest wat oars sizze moatten.' Mar ik hâld my wiislik stil. Ik moat my net bemuoie mei syn dwaan en litten.

Mar somstiden kost it my muoite. Ik kom ùt oare generaasje wer`t wy wat oars mei elkoar yn petear giene.

Mar under it mom fan frijheid fan it wurd mei alles sein wurde hjoed-de-dei.

Fanne wike kamen wy elkoar wer es tsjin, in knap stikje hie der skreaun, mar de toan der fan stie my net oan. Doe ik er hoeden wat fan sei wie syn kommentaar; "Mem sjocht it ferkeard. Ik lokje in diskusje ùt. Figuerlik besjoen is Facebook in kroeg wer`t jo mekoar moetsje en diskusearje."

"O," sis ik; "wurket it sa?" en tink er it mines fan. We fersteane inoar en witte wat wy oaninoar hawwe. Dat skeelt.

Mar ik bliuw sizzen; "Kin dat wol? Hiest dat ek oars sizze moatten?"

Mar ja... tiden hawwe tiden ...

Wedstrydsje

troch Posted on 1 Comment 0 min read 797 views
water-rainy-day_window_animated_free_gifBoppe op `e  kreake  sit in lyts jonkje neist in heech tsjerkerut.

Mei it fingerke kin er krekt by it boppeste kezyn komme. De iene drip nei de oare rint dan mei faasje nei underen.

Hy hâld in wedstrydsje waard it earste under is, hy jout se ek nammen. De iene hjit Jabik, de oaren binne Ynse en Jitse. Oh ja; Sijke docht ek mei. Se binne neamd nei minsken ùt syn omjouwing.

Sùntsjes spoart hy se oan. Troch dat de sinne op it rut falt wurde de drippen peareltsjes. Se hawwe prachtige kleuren, hy is der hieledâl troch biologearre.

As se allegearre under binne begjint it fan nij ôf oan. Meastal wint Sijke fansels want der is hy in bytsje fereale op.

Omdat heit yn it tsjerkeriedsbankje siet moast hy sneinstemoarns mei. Hy moast in foarbylt wêze foar oare bern, fûn heit. Wat dûmny sei begriep hy neat fan.

Mar as de dûmny op dreef wie en syn stem utskeat begûnen de drippen hurder te rinnen. En dan wie it oanpoatsjen foar it jonkje want dan wiene de peareltsjes net by te hâlden.

"Dat wie it rut." seit myn man as we by it tsjerkje stil stean. De drippen rinne net mear; it tsjerkje is in doarpshûs wurden.

Wedstrydsje ...

2.8b-800x600-2 copy

Fêst hâlde en loslitte

troch Posted on 1 Comment 1 min read 776 views

Naamloos-1-bewerkt"Mei ik it buro hawwe?" freget de soan. "Wat wolst er mei?" seit myn man wantrouwich.

Hy is dea benaud dat it spul ûnder syn hannen wei helle wurd. Alles moat op it selde plak stean bliuwe.

"As ik it brûke moat, moat ik it yn `t tsjuster fine kenne." seit er altyd. Dat hat noch wolris rebûlje jûn by ùs. Der ferskille wy noch al yn; ik bin ien fan oprêden .

Wat min in jier net nedich hân hat kin fuort. Behalve foto`s en brieven fan dierbere lju; dy ha ik bewarre yn in spesjaal kaske.

"Sil ik him mar ophelje?" seit er noch in kear. "Toe nò mar ." kom ik er tusken, it begruttet my om dy jonge. En sa stean ik noch alris tusken dy beide mannen yn. Hy behâldend en ik loslittend.

"Do klaaist dy noch es ùt." seit myn man faak. "Doch ik al," sis ik; "ik ha krekt wer in sek klean fuortbrocht nei de Kringloop." 

Ik ha de learskoalle fan it libben hân.Troch skea en skande moast ik somstiden loslitte wat net altyd sûnder pine en muoite gong  is. It hat groeden efterlitten en dy ha my letter behoede foar tefolle hechtsjen en fêsthâlden.

Fêsthâlde en loslitte. It sit yn in minske. It jout  rêst en feiligens ...

Pinemûle

troch Posted on 0 Comments 1 min read 739 views

photo_2016-04-23_13-08-12Hy hat pinemûle. Ik sjoch it oan syn gesicht. It is oars as oars, de iene helte is tsjokker as de oare .

"Moast nei de toskedokter." sis ik oerboadich.

Foar de safolste kear giet er wer nei syn toskedokter. En elke  kear komt er wer thus mei in peneselinekuer. "De man wol myn kies sparje." seit er mei ferlutsen gesicht.

Bytsje krom, wat foaroer, sjoch ik him nei. Hy hat minne nachten hân mar it wurk moat trochgean.

In pear dagen letter giet de telefoan en in opluchte stimme seit;

"Hy is der ùt, hear! Wy wiene yn België mar dy lju ha ik net sa heech. Sa ha ik yn Tholen de kies lûke litten. De man hie gjin goed wurd foar syn kollega oer. Gjin peneselinekueren mear mar lûke as hy nèt te rêden is", sei er, "Kueren binne ùt de tiid."

"De man hat er in klant by. Ek al is it yn Tholen." seit er bliid.  

Sa, ik kin ek wer sliepe. Ek ik hie pinemûle mar dan oars.

It each

troch Posted on 1 Comment 0 min read 833 views

eyeballs_1"Beppe," seit de beppesizzer; "ik ha san moaie knikker fûn. Mei ik dy hâlde?" 

Se leit langùt op de flier te boatsjen.

Myn suster en ik binne op besite by us mem. Gesellich sa as altyd mei kofje en blauwe flut. Fan alles giet er dan oer it tafelswilk. It praat giet oer sibben en de ynwenners fan it doarp.

Somstiden mei grutte hilariteit en faaks op in toan fan meilibjen. Want elken ien ken ommers elkenien.

Eltse wike om `e selde oere en tiid komme wy byelkoar en it ferhaal giet dan gewoan fierder.

"Beppe," Der komt in kopke boppe de tafel ùt. "Mei ik dizze knikker hâlde?" seit se yndringend. Se stekt it lytse knùske omheech en in prachtich blauw each sjocht ùs stoarjend oan.

As waard er troch in Brimse stutsen komt de hùsgenoat oerein.

"Mar dat is myn glêzen each! Der ha ik al tiden om socht!" seit er ferheard. Ta grut fertriet moat it bern de knikker ôfstean. It each wurd wer fakkundich te plak set, wer it heard.

In glêzen each kin moai wêze mar it binne gjin bosters. eyeballs_2

We hawwe it er noch altyd oer...

Gammel

troch Posted on 1 Comment 0 min read 983 views

Woman_Sneezing

Ik  bin gammel en fiel my  beroerd.

Ik bin noch te boadskipjen west en ha fan alles dûbeld ynslein.

Dat is in tik fan my; ik wol reserve hawwe. Fan alles twa keapje, dat bin ik went. Dat ha ik fan ùs mem leard. Se siet faak krap mar soarge dat se oeral dûbeld fan yn `e hûs hie.

Djipfries bestie noch net, foar woartels waard in kûle yn `e grûn makke.

Myn suster en ek sliepten yn `e bedstee mei derûnder de foarried ierappels foar de winter.

Min kin dochs alle dagen nei de supermarkt gean? Sels op snein en troch de wike oant acht oere ta.

Ik gean op bed. Se sykje it mar ùt, se rêde hun wol. Ik ha ommers alles dûbeld.

Gammel.... Ûs heit swarde by in hiete groch. Ek derfan mar dûbeld, dan komt it fêst  goed.

Utstrieling

troch Posted on 0 Comments 0 min read 886 views

giphy

Dy man mei ik wol leie." sis ik tsjin myn man as wy tegearre telefyzje sjogge.

Hy skoddet mei de holle en is it dudlik net mei my iens. "It is gjin lieder." seit er; "Hy moat him noch wier meitsje."

Dat bard wol faker dat wy ûngelyk oer minsken tinke. Hy besjocht san persoan oars as ik. Hy giet mear op de bûtekant ôf, stiet it him oan as net. En ik gean mear op syn as har ùtstrieling ôf.

'Wat is dat dochs?' freegje ik mysels ôf. De iene persoan leit je en de oare net. Guon lju komme jin iepen en frij temjitte, der binne jo daliks mei thus.

Mar der binne ek minsken dy earst de kat ùt de beam sjogge en dan kostet it muoite om it petear op gong te krijen.

Myn man hâldt dan op mar ik betink dan in oare iepening om de man as frou oan `e praat te krijen.

'Dat makket my just nijskjirrich. Dy persoan hat fest wat tefertellen.' tink ik dan. Want elk minske belibbet it libben op syn eigen wize en der bin ik no benijd nei.

"Wat fynsto fan sto no fan Donald Trump?" freegje ik him. We binne it foar ienkear iens.

Utstrieling ...

Oanpasse

troch Posted on 0 Comments 1 min read 779 views
Se neame my Stientsje. Hoe komme se derby? Ik ha my foarnaam net nei dy namme te lústerjen. Wa neamd syn kat nò sa?

Wat tinke dy lju wol net? Ik ha ek sa myn grutskens. Dat witte dy lju net mar ik bin in kat fan hege komôf. Ik ha yn in hiel grut hûs wenne, sy neamden dat in kastiel.

Ryk wiene hja mar de bisten wiene der op ta. Ùt noad binne wy as bisten op in moarn byelkoar west te oelizzen; wat sille wy dwaan?

De kanarje hie it grutste wurd, de hûnen wiene it no es einliks iens mei de katten. Lokkich hie ien fan ùs in kattemobyltsje en hat de saak wrâldkundich make.

Foar dat ien fan ùs it yn it snotsje hie waarden wy yn in biste-ambulânse poate.

En sa kamen wy meielkoar yn in asyl terjochte. Fan kastiel nei asyl. Mar ik eamelje net, de lju dogge hja best.

En ik... Ik bin Stientsje fan it Kastiel. Ik sil my oanpasse moatte.

Ik sil besiikje dat hja like folle fan my hâlde sille as fan hja hûn..."

vensterbank800

Famyljesiik

troch Posted on 0 Comments 0 min read 719 views
strik2Ja, ik wit it wol; ik bin famylje siik. Ik skilje alle wiken.

Earst nei myn broer boppe my. Te pas as te unpas. Ier yn de moarn as let yn de jûn. "Hoe giet it mei jimme?" freegje ik dan. En nea seit hy; "It past no net." Hy wie sunich en woe my noait knikkers line want ik ferlear altyd.

Der boppe siet myn suster. Dy wie strang, sy moast altiid op my passe en dat die se mei oertsjûging wol sa dat it my somstiden beneare.

Dan kaam myn âldste broer; hy stie altiid foar my klear. "Kin ik ek wat fan dy liene?" sei ik dan as ik wer es blut wie.

En grif struts er de hân oer`t hert. "Hâld it mar." sei er dan gol. Hy wist dat er der neat fan werom seach.

En dat is noch sa; we hawwe in hiele hechte ban en kinne mekoar dei en nacht skilje.

Se kenne my en fine neat nuver as ik fremde setten ha. "Sy is no ienkear sa." sizze se en der wurd gjin inkel wurd oan smoarg makke.

Wat is no moaier om jo sels te wezen en sokke bruorren en susters te hawwen?

Famyljesiik. Dat bin ik.