De oare kant

lmI1cNFoarsichtich grypt hy nei de mich dy yrritearjend om ùs holle fladderet .

We hawwe in freon op besite en it is altyd gesellich. Fan alles hawwe by de kop; de polityk en hoe fremd hjoed-de-dei de wrâld der hinne leit.

Hy hat syn miening en ik faaks in oare. Mar dat waardearje wy fan elkoar. Sis mar; ik kin wat leie.

Mar dizze middei wurde wy hieltyd steurt troch in blauwe mich.

“Hast ek in skûteldoekje?” freget er; “Dan sil ik him bûtendoar sette.”

“Hjir hast in krante.”, sis ik en rolje him op.

As hie de mich him stutsen sa fleant er oerein. “Ik bring him bûten!” seit er; “Elk bist hat rjocht fan bestean…”

In neef fan ùs is boer en hat in grutte grientetùn. As wy efkes letter oan it buorkjen binne nimt er de skeppe mei. “Werom moat dy mei?” freegje ik. “Der binne noch al wat slakken om dizze tiid en dy doch ik midstroch. Dy komme dan net wer.” seit er.

It griist my oan. “Hast er net wat oars foar?” freegje ik him. “No,” seit er; “it is in genedige died. Se hawwe gjin pine en binne foart dea.”

‘Hoe fier giet bisteleafde?’ freegje ik my ôf. De iene wol de mich sparje en de oare docht slakken midstroch. En beide hâlde se fan alles wat libbet.

“Hy docht gjin mich kwea.”  sei ùs mem dan as wy it oer immen hiene.

Wy moatte it fan de oare kant besjen, mear fan de bistekant, betink ik my.  En bring de mich hoeden nei bûten.

De oare kant

hannibal-snail

Diele mei:

One Comment on “De oare kant

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: De oare kant | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien