Swier waar

Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: “Jimme moatte der ôf komme..“, seit er; “..it wurd swier waar.” Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn ‘e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in  [Lês mear »]

Yn it ferline

Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him [Lês mear »]

Op it droege

Dû ik in jong famke wie rûnen myn suster en ik gauris nei pake en beppe ta. Fan Âldeboarn nei de twadde warrebrège wie in fiks ein. Mar boatsjende en sjongende wei wiene wy der samar. Ùs pake en beppe wennen yn in arke. Op in goeie dei kaam myn beppe fan bed ôf en [Lês mear »]

Yn dy nacht

Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid. Yn dy selde nacht [Lês mear »]

Oliver

“It is in âld mantsje“, seit de bistedokter. Ùs Olly stiet triljend mei de stut tusken de poaten op de ûndersiiktafel. Mei syn  grauwe  fingers knypt de fèarts yn Olly syn lyts bealchje. Ik ha mei it bist te dwaan. “Moast er sa yn myn  lichem omknypt wurre“, betink ik my. Dat sil net noflik [Lês mear »]

Nije knibbel

Myn man is wer thùs en wol mei in nije knibbel. Bliid as in bern dat hy wer thùs is, der giet neat boppe jin eigen omkriten. Dochs is hy goed te sprekken oer sikenhûs en personiel. De susters binne leaf en wolle alles wol foar de pasjint dwaan. Dochs hie hy it faaks mei [Lês mear »]

Memmedei

Moarn -acht Meie- is it wer Memmedei. Al wiken is de media dwaande om ùs op in emoosjenele wize te bewurkjen. Op ferskate manieren wurd ùs onder de noas wreaun dat wy foaral Memmedei net ferjitte moatte. Op in psychologyske en ùtdoktere wize wurre wy bewurke om dochs mar fan alles te keapjen.  En as [Lês mear »]

Strikken

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn ‘e holle. Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken [Lês mear »]

Oranje-Bitter

Keninginnedei is foar ùs in bysûndere dei. Net allinne in feestdei omdat Keninginne Juliana eartiids jierdei wie mar ùs âlste soan waard berne op har jierdei. Tritich April njochentjen hûnderd en sechstich waard hy berne. Wy krygen doe ek noch in felisitaasje fan Hare Majesteit wat jilde foar alle bern dy `t op dy datum [Lês mear »]

>