Yn dy nacht
Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid.
Yn dy selde nacht om de selde tiid stoar ek hommels ùs soan oan in hertstilstân. Yn stilte hawwe him te hof brocht. Wat in wrâld fan ferskil tusken dizze twa minsken, de iene mei in soart bombaarje en de oare yn stilte.
Nei ùs sille noch hiel wat generaasjes komme en it hawwe oer dizze ferneamde sjonger.
Mar yn ùs hert sil altiid ùs soan wèze, leafde is unbrekber.
2.317
Mear fan dit...
Category:
D'r is meer..., De Famylje