De Famylje

Pacemakers

troch Posted on 0 Comments 1 min read 589 views

" Jo hert rint te stadich", seit de hertspesjalist tsjin myn broer. "Jo moatte in pacemaker ha, dat kin tsjintwurch.." en sa dat barde it.

Nei kontrôle sei de arts: "It jout neat, we sille jo in oare jaan dy sterker is. We jouwe jo de allernijste pacemaker dy krekt ùt Amerika kaam is. As der wat mei komt dan binne wy daliks op 'e hichte." Sa giet hy nò troch it libben mei twa pacemakers. We ha dizze wike wiidweidich mei femylje en freonen syn jierdei fiert. Hy en syn frou genietsje fan eltse dei dy hun jûn wurd. Wy hawwe grut respekt foar sa`n libbenshâlding.

In joods siswize seit "as moarn de wrâld fergean sil dan plântsje ik hjoed noch in beam."

Presintsje

troch Posted on 2 Comments 1 min read 785 views

"Ik ha in kadootsje foar mem.." seit myn soan. "Dat is moai" siz ik; "foar presintsjes bin ik altiid yn." "Ik ha in webside foar mem. Dan kin mem har ferhaaltsjes kwyt en dat is moai foar it neiteam."

Nò, neiteam ha wy noch net en wat moat in oar mei myn ferhaaltsjes? Ik ha noch al wat tsjinaksele mar de soan hâld fol. "It is krekt wat foar mem." En omdat ik net ûntankber wèze wol siz ik; "Foart mar."

Nò moat ik sizze; hy kaam op it juste momint. Ik wie wat ûnmoedich en siet wat yn 'e skuorsek. Troch dat wy in neiste misse moasten en dan ek noch in pols brekke, dat dy de doar ticht. De webside wie der en nò moast ik wol fjirder. It is "Tiden hawwe Tiden" wurren. Ik moat sizze it hat my te pakken. Ik kin nò myn ai kwyt. It sil wol mei fallen en opstean gean, der sille taalflaters en missers yn sitte. Ik hoopje dat ik troch myn stikjes net ien skramje of op it sear kom...

Allinne mar dat jimme it nysskjirrich fine en oars hat it neat om 'e hakken...

Jierdei

troch Posted on 2 Comments 1 min read 735 views

"Sille wy moarn in dei foart?" freget myn man. It wie namlik syn jierdei en miskien ha jimme dat fest ek wol; wy sjogge altiid tsjin dy drokte oan.

Earst moat je fan alles yn`e hûs slepe. En wat moat je ynslaan? Ien persoan is gehielûnthâlder, in oare hâld allinne fan reade wyn en wer in oare fan wite wyn. Dan mar frisdrank mar welke? In neef fan ùs hat in kwaal en mei allinne mar ien soart fris ha mar welke ek wer?

Dan de hapkes, dat is al sa`n poepetûr. Twa freondinnen binne fegetarysk. Twa oare froulju binne op dieet en wer in oare hat krekt iten. Iere betiid yn 'e moarntiid stean ik yn myn nachtklean alles klear te setten. Wyls ik dwaande bin betink ik my dat it in fremde gewoante is dy jierdei`s gearkomsten. Stadich oan komme se oansetten. Nei dat eltsenien kofje en gebak hân hat is it tiid foar de borrel en de sinasappelsop.

Dan is it tiid om op te stappen. Nei dat wy wiidweidich ôfskie nommen ha begjin ik op te romjen. Fremd: de skalen binne leech en de drank is op...

Mar wat wie it gesellich, dat fûn myn man ek... Dit doche wy al es wer.


Nei mem ta

troch Posted on 3 Comments 2 min read 815 views

"Ik wol nei mem ta", seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar.

Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid wille en gek dwaan. Mar doe sy stadich oan demint waart wie se lilk en opstinaat. Sa kaam sy yn it ferpleechhûs telânne en mei de juste behândeling en medikaminten kaam stadich de humor werom.

Der wie in romme hûskeamer mei in grutte iet tafel en stuollen.  Manlju sawol froulju siten der omhinne. De iene wie oan it breidzjen en in oaren ien oan it printsjes besjen, it grutste part stoarre foar him ùt. Mar ùs mem wie op dreef: se fertelde de iene mop nei de oare. Se helle se wol wat troch elkoar mar net ien fûn it slim.

In frou rôp hieltyd om in suster, sawol yn it Ingelsk, Fransk as Spaansk. De suster fertelde my;  dat sy mei har man yn de horeka sitten hiene yn ferskate lânnen. Wol demint mar de fremde talen bleunen. In âld wyfke krige nea besite, se hie wol acht bern mar ik ha nea in bern sjoen. Der wie ek in âld leraar, syn libben lang hie hy les jûn en nò wiene de âlde minsken syn leerlingen. Stilte rôp er hieltiid en sloech mei de fûst op de tafel mar net ien harke. En de bakker ùt Oerterp suteld noch alle dagen mei bôle, mar hat  gjin klanten mear.......  Wat binne minsken dochs boeiend...

De man by de doar wol noch hieltyd nei syn mem ta. Koe ik him mar helpe.


Neibyld: Mark Miller, Reuters

Paraglider I

troch Posted on 2 Comments 1 min read 604 views

"Deit, mem... ik gean foart, hear."

Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op 'e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in stuoltsje en in pear wjukken -ynfâldich sein- de loft yn. Ik kin it jimme net better ùtlizze want betûft bin ik net yn dizze matearje. Skipper fan berop en dan it siikje yn 'e loft, hoe bestiet it.......

Jûns kry ik in sms-ke:"Ik bin yn Afrika, hear!"

Betrouwe en loslitte... Wa sei dat ek wer?

Paraglider I

troch Posted on 2 Comments 1 min read 725 views

"Deit, mem... ik gean foart, hear."

Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op 'e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in stuoltsje en in pear wjukken -ynfâldich sein- de loft yn. Ik kin it jimme net better ùtlizze want betûft bin ik net yn dizze matearje. Skipper fan berop en dan it siikje yn 'e loft, hoe bestiet it.......

Jûns kry ik in sms-ke:"Ik bin yn Afrika, hear!"

Betrouwe en loslitte... Wa sei dat ek wer?

Heit

troch Posted on 2 Comments 1 min read 762 views

Fan 1904 oant 1968 libbe in bysûndere man. In man dy hiel wat stiennen yn syn libbensstream ferlein hat.

As âldste fan fjouwer bern moast hy al op jonge leeftiid nei de boer. Syn libben bestiet sa as mear fan syn generaasje allinne mar ùt wrotten. Hy troude mei ùs mem en waart molkfarder. In tige dreech bestean; fjirtich mingel molkbussen tôgje, dei yn dei ùt, fan de boer nei it molkfebryk.  Fiifentweintich jier hat hy dat wurk dien. It hat him letterlik sloopt mar krimmenearje dy hy nea.

Hy hat op de Grebbeberg fochten en hat de dea yn è eagen sjûn. In wike hat hy fermist west oant wy in kaart krygen mei de tekst  "ik libje noch". Mar dat wie nèt genoch foar him, hy giet by it ferset. Mei syn maten ùt de ûndergrûnse hat hy hiel wat sterke staaltsjes ùt helle. Sa folle mogelijk de fyân dwers sitte, dat wie hun stribjen.  As bern leinen wy yn in bedstee, boppe in kelder fol mei wapens en der leinen by myn witten wol fyf jier lang winterjirpels op. Wy hawwe as bern nearne troch hân wat der om ùs hinne barde. Foar myn gefoel is der foar dizze lytse groep fersetsminsken fjirst te min oandacht west.

Mar foar my is ùs heit in held. Ik bin grutsk dat ik in dochter fan him bin en ùs bern san pake hân ha.


Freonskip

troch Posted on 2 Comments 2 min read 731 views

Ha jimme ek freonen en hoefolle? As jo minsken der nei freegje, dan wurd er faaks sein: o, ik ha sa folle!  Mar ek wol wurd er sein: ik hoech  gjin freonen, ik ha net ien nedich.

As ik by mysels nei gean, dan kin ik noch al wat minsken. Mar werom, wy wenje en libje al hjirren yn it selde plak.  Dû wy jong wiene en it ùs foar de wyn gong, och wat hiene wy in freonen. Mei jierdei`s koene se net yn è keamer. Wy waarden frege op ferskate feesjes en partyen. Och, wat wie dat in tyd- wat in freonen hiene wy.

Mar dû kaam er tsjinslach yn ùs libben. De saken gongen net goed en de omstânnichheden wiene beroerd. Stadich oan waar de freonenkring lytser. Earst hiene wy it net troch wy hiene wol oare dingen oanè kop. In inkele kaam noch wol ris lâns mei meilydsum praat. Dochs bleunen er in pear oer. Yn dy tiid hawwe ûnderfûn wat echte freonskip yn hâld.

En dochs hat min in freon nedich as is it er mar ien. In echte freon dy`t je net beskoalmastert oer de wize fan jo libjen. Dy je nimt sa as je binne.

Okker dei`s sei in jongefint  tsjin mij: ik bin ynkoartens jierdei mar ik wol er neat fan ha. Wa moat ik freegje? Ik ha net ien. Dat docht mij sear want net ien minske kin en moat allinne wèze. Der kin in tiid komme dat je mekoar nedich ha. En wat is it moai om mei elkoar te laitsjen en te gûlen. Mar jo moatte wol jo best er foar dwaan, freonskip komt net fansels, is net fergees en is net  ûnbaatsuchtich.

Gelokkich ha ik in Freon dy `t mij  troch en troch kin, mij nimt sa as ik bin en dat falt foar him net altyd mei!

De skipper

troch Posted on 0 Comments 2 min read 680 views

We binne ûnderweis nei Mook: myn soan fan 15 en ik. We hawwe gjin idè wat ùs te wachtsjen stiet. We hawwe de kaart er by. Sa witte wy dat it by Nijmegen leit. Yn de yntimens fan myn auto geane we tegearre op wei. We sizze net folle, wat moatte wy ek sizze? We sjoche der beide ôfgriislik tsjin oan om ôfskie fan elkoar te nimmen. Hy sil in oplieding folgje foar skipper mei internaat.

It begrut mij ta de tienen ùt. Noch nea fan hûs west. Hoe soe dit ùt pakke?

Myn man ek ik ha hiel wat ynfermaasje ynwûn foar dat wy ta dit beslùt kamen. It wie in roomsk internaat mei in izeren dissipline en waart bestjoerd troch âld skippers. Fan alle fiif internaten dy ùs lân riik wie sei men dat dit de beste wie. Nei dat wy kennes makke hiene mei direkteur en stèf  riid ik nei hûs. Ik ha it hiele ein it net droech hâlde kint. Dû ik amper thùs wie gong de telefoan mei in wanhopiche soan oan de line. "Mem moat my dalik ophelje want jo moatte hjir de hiele dei op de knibbels krûpe! En as mem my net dalik ophellit rin ik foart!" Myn andert wie: "Do past dy mar oan, ik helje dy net op." Ik ha in minne nacht hân. Twa wike letter kaam er thùs en prate nearne oer. Op myn fraach;"Moast noch de hiele tiid op de knibbels krûpe sei er wat achterleas:"O, dat... dat wie ûntgriening...."

Wy hawwe it nearne wer oerhân. Mar dizze jonge is keardel wurren op dat skippersinternaat. Hy hat fan alles mei makke it measte waart net ferteld. Hy en syn maten moasten fan alles ûndergean. Jonges ùt stèdden as Rotterdam dy it libben ûnmooglik makken. Mar kleie lei net yn syn karakter. Dû de grutte dei oanbruts fan de eksamens slagge hij as de bèste leerling.

Net mei de heechste sifers mar mei de grutste ynset.

En nò fart hij al hjirren as Kaptein op de Rijn, de binnen- en de kustfeart. Wy ha grutte bewûndering foar dizze jonge dat net in learder wie mar in trochsetter...

Fan âld op nijjier

troch Posted on 1 Comment 2 min read 755 views

Binne jimme ek sa gear? Ik fiel my sa gear as bûter. As hie ik in wan op 'e hûd  hân. En dochs haw ik my fannacht aerdich yn 'e stringen hâlden. Mar dochs .....

We hawwe it âld jier ùtsitten bij de soanen op  it heechste flatgebou yn Fryslân. Sa wol yn de flat as der bûten wie it in tige enerverend barren.

De iene soan kaam mei in film dy ik nò noch net troch ha. En dan waar dy fertoant op de hiele muorre fan de wenkeamer. Se neame dat in  "beamer", leauw ik. Lokkich siet ik goed stevich op de bank want it wie soms krekt  as wiene wy ek ûnderdiel fan de sciencefictionfilm dy spile yn de wyldernis fan Afrika. Do woene se gûrmetsje en nei de nodiche slokjes en it iten fan allegearre soarten rauw fleis -hoe bestiet it, net- barste bûten de hel los. Wy nei bûten. Fansels tochten ùs beide hûnen dat it ein fan 'e wrâld wie. We hawwe se de earste ûren ek net wer sjoen.

Der stienen wy earste rang op de fiiftjende ferdjipping fan it gebou. Ik moat sizze; it wie in skitterjend gesicht. Oan alle kanten baande it fjûr los, prachtich kleuren en in ûnbidig leven.

It kaam efkes yn mij op dat  fan al dat jild wat oan it fjûrwurk spandeerd is ik der wol fan op fekânsje  kint hie  nei dat lân fan de "sciencefictionfilm".

Mar tradysje is tradysje en werom net? Allinne myn bruorren diene it mei molkbussen en aerdiche grappen. Mei jierdei`s hawwe it er noch wol ris oer en ha  de grutste wille. Ien grap wit ik noch: by it ienigste parkje wat ùs doarp  riik wie stie in buordsje mei de tekst: "Ien stap tebek en jo binne op it rjochte paad". En dat buortsje stie de snein derop  by de yngong fan de tsjerke.

Soene hja it begrepen ha...