De Famylje

Komme

trochPosted on 0 Comments1min read983 views

Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: "Mar wy binne dochs krèkt west!"  Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin.

In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen wie it yn ienen in heidensk lawaai yn ùs oars sa rèstiche buert. Mar nei it earste kontakt gong it wûnderaardich goed tusken de Fryske en Portugeeske bisten. De taal joech gjin swirrichheid.

Wat is it dochs gesellich as dy bern thùs komme. Dèr moat hiel wat ôfpraten en ynhelle wurde. En as wy dan sa bijelkoar sitte dan komt de polityk, it miljeu en maatskippij op it taffelkleed. Faaks ha wy ferskate mieningen en de lûden wurde dan ek ferhefticher. Sa hat it altiid by ùs west: diskusjearje ûnder iten. Oant ik sis: "Hoe smakket it? Wa wol noch wat ha?" En sa komme wy wer yn rèsticher farwetter.

En dan binne sy foart. Us hûnen lizze bewusteloas yn ' e koer, dy hearre wy jûn net wer, en ik freechje my ôf: wannear soene sy werkomme?

Witte jimme noch wol?

trochPosted on 0 Comments1min read1103 views

Wy sitte by elkoar as broers en susters. Dat dogge  wy regelmjittich. En dan komt it petear fansels oer eartiids. Dat komt troch de omjouwing. Myn broer wennet yn de âld molkfebryk fan Âldeboarn. Hja hawwe it gebou hielendâl ôfbrutsen en der apparteminten fan makke. Allinne it direkteurshûs is bestean bleun en renovearre. It binne prachtige wenningen wurden. Myn broer hat -fine wy- it moaiste stee krigen. Mei it ùtsicht op de Boarn en it wipbrègje dat nei in haventsje giet.

En as wy dan sa byelkoar binne, giet it praat steefèst oer ùs heit. Eartiids wie hy molkfarder en lei hy mei syn skou foar de wal wer`t nò myn broer wennet. "Koe hy noch mar efkes by ùs wèze...", sizze wy dan. Faaks koene wy it er noch ris mei him oer hawwe. Oer it swiere drege libben fan in molkfarder, waar as gjin waar de molke moast nei it febryk. Tiden hawwe tiden....

En dan sizze wy tsjin elkoarren; "Witte jimme noch wol?"

 

Kar meitsje

trochPosted on 1 Comment1min read1407 views

Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn libben hâlde.

Is dat egoistysk? Ik wit it net. Ik wurd hin en wer slingere tusken best bedoelde rie fan minsken om my hinne. Hy krijt piltsjes foar it pisjen mar ek foar syn hert. Samar ynienen kin hy nei bûten rinne en dwaan as hy noch in jonge hûn is. Mar dan wer leit hy der hinne as hie hy ùs al ferlitten.

Syn maat, Max, begrypt der neat fan en sjocht sa nò en dan by syn koer. Hoe moatte wy hjir mei oan? -Wat is leafde?- Troch gean en moed hâlde as moatte wy hjir in ein oan meitsje? Giet it dan om ùs as om it bist?

Ik besef my hoe swier it is. As it in minske oanbelanget wert jo ôfgryslik fan hâlde...

Ollie, foar jo links...

Respekt

trochPosted on 0 Comments1min read1050 views

"Hawwe jimme bern noch respekt foar jimme?" frege hja.

Wy sitte tegearre kofje te drinken.We kinne mekoar al jierren en sa komt it petear as fansels op de bern. Har dochters binne like âld  as  ùs soanen. Op har fraach oer respekt moat ik oer nei tinke. It is in direkte fraach en dat freget om in direkt antwurd. Wat moat ik der opsizze? Ik fyn fan wol, mar it is in oar respekt dan ik hie foar myn âlden. Eartiids hearde it gewoan sa. It hearde by it grutbringen. Mar it wie ek faaks in ferplichting, as jo it earne mei iens wiene as net. Hja hiene altiid it gelyk oan hun kant.

Mar lokkich binne de tiden feroare. Respekt moat jo fertsjinne  it komt net fansels. Eltsenien yn syn wearde litte, dan komt min al in hiel ein hinne. En de âlders kinne noch in hiel soart fan hun bern leare mar ek oarsom, hat respekt bygelyks ek mei leafde te krijen ?

It is in lange kofjedrinkerij wurden dochs ha wy in goed petear hân...

Indy

trochPosted on 1 Comment1min read1013 views

"Mem, Indy is ek dea...", seit myn soan.

Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat Dobermanns en it lytse biske koe der net tsjin op en rûn hieltyd foart. Sa is hy by hun kaam en noait wer foart rûn.

De relaasje rekke ùt mar Indy bleaun. Kontakt hawwe altyd hâlden. Eartiids hiene wy Jelle, in Welsh Springer. Dat waarden dikke maten. Jelle stoar oan in hertkwaal en is mar fjouwer jier wurden. Mar Yndy is âld wurden en hat in prachtich libben hân. Hy hat folle mear foar har west as in hûn. Hy wie har bern mar ek har maat. Hy dielde yn har fertriet mar ek yn har gelok. Nei sechtstjin jier fan freonskip sil it wennen wèze sûnder dit bysûndere bist Indy.

Wy libje mei. Wy witte ommers wat it is in famyljelid te ferlizen in hûn heart dèr dochs ek by ...   

(En sliepe.. wat is dat?)

Onder De Linden

trochPosted on 0 Comments1min read1121 views

In jonge fan sechstsjin jier sit oan 'e bar yn it café "Onder de Linden" yn Lùnbert. Hy wie noch wol oan de jonge kant om dèr te wèzen, mar ja wat moat je oars as jo oars neat dogge as wurkje fan moarns ier oan `t jûns let. Achter  de bar hinget in grut skilderij mei trije katten der op. Se sitte op in tafel en hawwe rûzje om in panne mei molke. De jonge is troch it tafriel ûnder bekoaring kaam. Mar it kasteleinske wol him nèt ferkeapje. Op in dei seit se tsjin him; "Ik gean fuort en do meist it skilderij hawwe."

Sa hat it altiid by ùs thùs boppe de skoarstienmantel hong. Letter ha ik it skilderij krige en nò hinget it al wer hiel lang by ùs yn de keamer. It is in nijskjirrich tafriel mei de titel "Bedorven Lievelingen"en is ùtjûn troch ùtjouwerij Joh. IJkema,  's-Gravenhage.

Ik tink dat myn heit it wurdearje soe dat ik der mei pronkje...

Swier waar

trochPosted on 2 Comments1min read1028 views

Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: "Jimme moatte der ôf komme..", seit er; "..it wurd swier waar." Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn 'e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in  fremd ljocht. "Raar." tink ik by my sels; "De keamer is moaier dan foarhinne."

Yntiid hat ùs heit it izeren kistke mei weardefolle papieren midden op tafel set. As it ynslacht kin hy dat sa gripe. Yn it kistke sitte de fersekeringpapieren en it trouboekje. Ûnderwylts hat ùs heit it drok, der wurd in grutte doek oer de spegel hong en it koper wurd ta dutsen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat der barre sil. Myn broers binne  yn sliep fallen. Ik bin klearwekker en sjoch om my hinne en fiel de spanning fan it momint.

Yntiid hat ùs mem noch wat erfstikken op tafel set, min wit mar noait. Sa sitte wy by elkoar yn spanning wat er barre kin. Nei in skofke kinne wy wer op bed, it swiere waar is foarby. It kiske kin wer yn 'e kast oant de folgjende tongerbuie.

We hawwe swier waar, it wjerljochtet om raak. "Moat de kompjuter en de tillevyzje ek ùt?" freegje ik myn man. Hy sjocht my nùver oan.

Wat wit hy nò fan it kistke ôf? Wer binne de fersekeringspapieren en it trouboekje? Hawwe dy noch wol?

Yn it ferline

trochPosted on 2 Comments1min read1095 views

Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him neat mar hy wol de skiednis achter it minske witte. En dan komme de ferhalen.

We rinne lâns âlde grêfstiennen fan minsken fan lang ferlyn mar ek lâns nije grêven "Mem," freget myn soan; "wat wie dat nò foar minske?" We rinne lâns de rike skiednis fan myn doarp.  Bekinde minsken dy as in film oan myn  eagen foarby geane. By eltse man as frou kin ik wol wat fertelle. We rinne lâns stiennen mei oandwaanlike teksten. Jong en âld, elts hat syn fertriet mar hja tsjûge ek  fan in protte leafde en leauwen. Wat hat ùs doarp dochs in ryk ferline, mei dichters skriuwers  sawol muzikale sjenien.

Wyls wy der sa omrinne komt der in gefoel fan tankberens oer my, dat ik diel ùtmeistje mocht fan dizze mienskip, myn doarp.

"Sille wy mar nei hûs, mem? It wurd hjoed wer patat..."

Op it droege

trochPosted on 2 Comments2min read1052 views

Dû ik in jong famke wie rûnen myn suster en ik gauris nei pake en beppe ta. Fan Âldeboarn nei de twadde warrebrège wie in fiks ein. Mar boatsjende en sjongende wei wiene wy der samar.

Ùs pake en beppe wennen yn in arke. Op in goeie dei kaam myn beppe fan bed ôf en wâlde oan`t de knibbels ta yn it wetter. "Dat kin sa net.." sei pake, "de arke moat op it droege." Mei help fan de buorman dy in hyskraan hie waar it gefâl op 'e wâl setten.

Al gau kamen der in protte hinnen, in pear geiten en kninen. Myn beppe hie in winkeltsje en rûn mei de bôlekoer en pake wurke yn de turf. It wie skreppen mar hja redden it op. Hja ferbouden sels griente en hiene aaien fan de hinnen. Hja libben wie yn myn eagen ienfâldich sûnder stress, fansels wie it bodzjen mar der hiene wy as bern gjin weet fan.

As er ien jierdei wie mochten wy wol ris fan de boerejonges priuwe sa ek de hinnen. Al gau koene wy it net mear droech hâlde fan it leitsjen; de hinnen dûnsen, keakelden en leinen aaien sûnder te brieden. Jûns spilen wy "Mens, erger je niet". It leste potsje lieten wy pake winne want oars gong hy mei de pest yn op bed.

Ach, wat ha ik moaie oantinken oan it ferline. Pake en beppe binne er allang net mear mar sy makken diel ùt fan in lokkige jeugd. Hja hiene de arke op it droege mar net de skiepkes...

Yn dy nacht

trochPosted on 0 Comments1min read977 views

Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid.

Yn dy selde nacht om de selde tiid stoar ek hommels ùs soan oan in hertstilstân. Yn stilte hawwe him te hof brocht. Wat in wrâld fan ferskil tusken dizze twa minsken, de iene mei in soart bombaarje en de oare yn stilte.

Nei ùs sille noch hiel wat generaasjes komme en it hawwe oer dizze  ferneamde sjonger.

Mar yn ùs hert sil altiid ùs soan wèze, leafde is unbrekber.