Flechtigens en driuwerij

Ik skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net. Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednis. Grutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten. Wat is dat dochs hjoed de dei dat [Lês mear »]

Groede

Hjoed is foar ùs in dei om te betinken. Elts jier wer is it foar ùs in drege dei en dat sil salang bliuwe as wy te libjen hawwe. Wy steane er net allinnich by stil mar ûndergean it wer fan minùt oant minùt. De pine en de ûnmacht oer wat ùs oerkaam is. Samar [Lês mear »]

Serene stilte

It is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke. Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte. Ik sit te mimerjen [Lês mear »]

Ferlitten

Wêrom fiel ik my ferlitten? It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne. De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs [Lês mear »]

Nachtlik besyk

De doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn ‘e nacht. Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en ‘s nachts oer [Lês mear »]

Unbegryp

Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte. “Gesellich.” tink ik [Lês mear »]

Unyke gearwurking

De Meniste tsjerke sil in yngripende ferbouwing ûndergean. It is in gebou ùt de 17 de ieu en is nedich oan restauraasjen ta. It dak is min en de grûn is fersakke. Der binne ferskate aksjes op touw set. Mei rommelmerken, boekeferkeap en konserten is er in fiks bedrach byelkoar skrabbe. Nèt te ferjitten mei [Lês mear »]

Nieuwsuur

Ik bin ferkâlden en fiel my heal. Noch mar efkes nei Nieuwsuur sjen en dan op bed. Mar ik bliuw hingjen. In boeiende reportaazje oer selsdeading hâld my yn ‘e besnijing. It giet oer twa froulju dy noch net sa âld fan jierren binne. De iene is eartiids ferkrêft en dat hat har fierdere libben ontwrichte. [Lês mear »]

Folle Lok en Seine Oprjocht miend.

Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden. Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters . Mar foar mysels [Lês mear »]

>